Fries Museum krijt jild fan Mondriaan Fûns om coronakrisis troch te kommen

It Fries Museum krijt help fan it Mondriaan Fûns foar it ferlies oan ynkomsten troch it coronafirus. It museum is ien fan 28 musea yn Nederlân dy't gewoanwei mear as 100.000 besikers yn it jier hawwe, mar troch de coronakrisis folle minder besikers hawwe.
Fries Museum yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It jild dat nei de musea giet, is ûnderdiel fan de 300 miljoen euro dy't it regear frijmakke hat foar kultuer. Om hoefolle jild it krekt giet, is noch net dúdlik, dat wurdt yn maart takom jier bekend makke.
Oare musea dy't kompensaasje krije, binne ûnder oare it Amsterdam Museum, Batavialand en it Groninger Museum.