Bedriuwspân yn Dokkum ticht om himpkwekerij
Lokoboargemaster Pytsje de Graaf fan Noardeast-Fryslân hat freed in bedriuwspân oan de Beurtvaart yn Dokkum tichtsmiten, omdat de Opiumwet der oertrêde waard. It gebou moat trije moannen ticht bliuwe.
De plysje fûn op 10 juny in himpkwekerij yn it gebou. Dêryn stiene goed 500 planten en der wie sprake fan brângefaar. It gebou is fersegele.