FIDEO: SC Cambuur - PEC Zwolle

01 aug 2020 - 17:15

SC Cambuur stie sneon foar de earste echte test yn de tarieding op it nije seizoen. De Ljouwerters oefenen yn it eigen stadion tsjin earedifyzjonist PEC Zwolle. Omrop Fryslân stjoerde de wedstriid yn syn gehiel út, mei kommentaar fan Andor Faber. De wedstriid is hjir te sjen:

It is de tredde wedstriid yn de tarieding op it nije seizoen. Earder wûn Cambuur mei 11-0 fan ONS Snits en mei 4-1 fan Harkemase Boys.

Foar PEC Zwolle wie it de earste oefenwedstriid. De klup hat in heech gehalte âld-Cambuurspilers. Coach John Stegeman spile earder yn it giel-blau en datselde jildt foar Xavier Mous, Sai van Wermeskerken en Reza Ghoochannejhad. Mous docht sneon allinne net mei, om't er noch net hielendal genêzen is fan in blessuere.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal PEC Zwolle
(advertinsje)
(advertinsje)