Atletykbaan op It Hearrenfean feroaret foar Offerfeest yn moskee

31 jul 2020 - 15:40

Bidde op in atletykbaan is gjin ûnbekend fenomeen. Mar as it troch 150 moslims dien wurdt, is it wol hiel bysûnder. Op It Hearrenfean fierden moslims freed it Offerfeest, ien fan de wichtichste feesten fan it jier foar harren. Troch corona kin it feest net yn de moskee holden wurde. Dus is útwykt nei de atletykbaan fan It Hearrenfean.

"Witst wat it is", begjint Slimane Elhilmi fan de moskee syn ferhaal wylst hy noch de lêste reade linten op it fjild fan de atletykbaan leit. In grut fjild wurdt yn lytse fakjes yndield, dy't op oardel meter ôfstân fan inoar lizze. "Wy moslims hoege gjin grut paleis of kastiel om ús gebed te dwaan. We wolle gewoan yn kontakt stean mei ús God en mei-inoar."

Der komme sa'n 150 leauwigen op it Offerfeest ôf. "Dêrom binne we sa bliid mei de gemeente, dat we dit dwaan kinne. De moskee hat in perioade ticht west en dan hast efkes gjin kontakt mear mei-inoar. Gelokkich is dat no wer oars."

Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

It Offerfeest is foar de Islam ien fan de wichtichste feesten fan it jier. De moslims betinke it offer fan in laam oan Allah. "Mei dizze dagen is it dreech ast allinnich bist", seit Elhilmi. Om de bidders dochs byinoar te krijen, binne der in protte maatregels nommen.

De hannen wurde ûntsmet en der binne ferskate fakken yndield. "Mar we nimme ek allegearre in eigen matsje mei", seit Elhilmi. "Dat matsje is nedich, sadat we it kontakt mei Allah hâlde. Sa liket it dochs noch wat op in lytse moskee."

Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

Wylst de moslims mei harren gebed dwaande binne, stiet foarsitter fan de atletykferiening Sietse van der Mei fan in ôfstân te sjen nei it gehiel. "Dit is dochs in prachtich oansjoch", seit hy. "We ha hjir al fan alles hân. Reedriders, hurddravers, fytsers en neam mar op. Dat binne allegearre sporten, dat wit ik wol. Mar wat mei it leauwen is foar ús ek nij. Dat ha we noch nea earder hân."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it Offerfeest

(advertinsje)
(advertinsje)