"Hjir libje ik it hiele jier nei ta, de kalinder giet fan july oant july"

Gjin SKS-kampioenskip dit jier, en dat docht sear by de organisaasje, dy't grut ynset hie op it 75-jierrich jubileum. De grutte pine sit lykwols by de skippers en bemanning. Foar guon binne it de wichtichste wiken fan it jier. Ien fan de skippers omskriuwt it as: "It jier giet by my net fan jannewaris oant desimber, mar fan july oant july."
FIDEO: Histoarysk item SKS giet net troch yn 2020
It jout oan hoe't it skûtsjesilen libbet by de float. De bylden fan skûtsjes op de mar moatte we dit jier misse. De hope is dat it takom jier wer echt los kin, mar net ien kin yn de takomst sjen. Yn de reportaazje moaie bylden en reaksjes fan skippers op it net trochgean fan de SKS 2020.
Yn it lêste Skûtsjesjoernaal fan dit jier binne debutearjend skipper Harmen Brouwer en syn heit Pieter Brouwer te gast. Pieter Brouwer wie skipper op Hearrenfean en waard trije kear kampioen.
De oade komt fan Nynke de Jong mei de radio oan it ear. En, de finale fan it Valkjesilen!
© Omrop Fryslan
It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen komme alle dagen út it Skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.
Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners yn in oade har gefoel by it skûtsjesilen bringe. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.