Frou krijt fjouwer wiken sel foar WhatsApp-fraude

31 jul 2020 - 14:39

In 39-jierrige ynwenster fan Heerlen is freed yn de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta fjouwer wiken sel foar WhatsApp-fraude. In ynwenster fan Frjentsjer waard dêr yn july foarich jier slachtoffer fan. De dieder die har foar as har dochter en frege de frou om 1.400 euro oer te meitsjen.

whatsapp fraude - Foto: eigen foto

Nei't se earder noch kontakt hân hie mei har dochter, krige de Frjentsjerter letter op de dei in WhatsApp-berjocht fan har dochter dat har telefoan yn de waskmasine bedarre wie. De dochter sei dat se betellings dwaan moast, mar koe net by har bankgegevens.

It wie lykwols net har dochter mei wa't se kontakt hie, mar de 39-jierrige frou fan Heerlen. Sy frege oft 'har mem' 1.400 euro oermeitsje woe nei in bepaald rekkennûmer. Dat die de frou.

Doe't de echte dochter letter dy dei mei har mem belle, bliek dat se fan neat wist en hie de mem troch dat se oplichte wie. It jild wie oermakke nei de bankrekken fan de frou út Heerlen. De dieder is feroardiele foar oplichting. De rjochter bepaalde dat it slachtoffer har jild werom krijt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)