Freedsmerk oer trainers en toptalinten: "Je moatte se net oer de bealch slaan"

31 jul 2020 - 13:52

"Topsporters moatte hurd wurkje kinne, mar je moatte se net oer de bealch slaan." Dat wie op de freedsmerk ien fan de reaksjes op de argewaasjes oer de topturnsters en hoe't se oanpakt waarden troch harren trainers.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De hiele benadering en trainingsoanpak soe der fier by troch wêze en faak sels it predikaat 'mishanneling' fertsjinje. Mar moat in trainer, om fan in talint in winner te meitsjen, net krekt dy grinzen opsykje? "Hie it myn dochter west, dan wie ik eefkes by him del gien. Hie er it net wer dien", sei de poelier koel.

Oaren wiisden derop dat jonge sporters wol 'wille' hâlde moatte yn de sport, ek as se de top berikke wolle. "Er zijn grenzen aan de manier waarop trainers kunnen werken. Zelfs een Olympische medaille maakt niet alles goed!"

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk

Trefwurden: 
freedsmerk turnjen topsport
(Advertinsje)
(Advertinsje)