Doelman Erwin Mulder komt werom by SC Hearrenfean

Keeper Erwin Mulder is werom by SC Hearrenfean. De doelman waard freedtemiddei by de klup presintearre. De 31-jierrige Mulder komt oer fan Championship-klup Swansea City.
De reaksje fan Erwin Mulder:
FH Erwin Mulder
Mulder spile tusken 2015 en 2017 ek al yn it Abe Lenstra Stadion en kaam ta 77 wedstriden foar de Friezen. Hy makke dêrnei in transfer nei Swansea, dat doe noch yn de Premier League aktyf wie.
Technysk manager Gerry Hamstra:
Gerry Hamstra
Technysk manager Gerry Hamstra is optein mei it fêstlizzen fan Mulder. "Met Erwin hebben we een zeer ervaren doelman aangetrokken. Dat was onze ambitie en dat is gelukt. Erwin kent de club, kent de eredivisie en neemt veel ervaring met zich mee vanuit Groot-Brittannië. De afgelopen weken stond hij bij de laatste duels van Swansea onder de lat en is dus wedstrijdfit."
Mulder hat in kontrakt tekene foar twa seizoenen.
© Martin de Jong