UPDATE: Hurdfytser (83) ferstoarn nei oanriding mei auto by Reahel

By in ûngelok op de Vierhuisterweg yn Reahel is freedtemiddei in hurdfytser om it libben kaam. It giet om in 83-jierrige man út Snits, sa hat de plysje bekend makke.
Hurdfytser ferstoarn nei oanriding mei auto by Reahel
De fytser kaam yn oanriding mei in auto en rekke dêrby swierferwûne. Nettsjinsteande alle help ferstoar de man op it plak fan it ûngelok.
De oarsaak fan it ûngelok is noch net dúdlik. De plysje docht ûndersyk en hat de bestjoerder fan de auto meinaam nei it plysjeburo foar it ôflizzen fan in ferklearring.
© CAMJO Media