Drokte op fearboaten en strân: "Mensen staan hutjemutje op ekaar"

31 jul 2020 - 12:56

Op de fearboat fan Lauwerseach nei Skiermûntseach is it freed ôfsjen. Troch it moaie waar is it drok en is oardel meter ôfstân hâlde hast net mooglik. Ek op oare plakken yn de provinsje is it drok, sa as op it strân by Makkum.

Drokte op fearboaten en strân

Al de hiele dei sitte de boaten fol. "Het was ontzettend druk", seit ferslachjouwer Joyce Kranenborg fan RTV Noord. "Mensen komen van heinde en verre, ik sprak met mensen die om twee uur 's nachts uit Rotterdam vertrokken om hier te komen, omdat de fietsverhuur zei: kom vroeg, want ik weet niet of ik nog fietsen heb na de boot van half 10."

Ofstân hâlde is oan wâl al lestich, mar op de boat is it noch slimmer, seit Kranenborg. "Die anderhalve meter is zeker niet van toepassing aan boord. Mensen gaan op het dek toch bij elkaar staan, daar staat het hutjemutje op elkaar. Dan hebben ze nog wel een mondkapje op, maar die doen mensen zo nu en dan ook af om te eten."

Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

Joyce Kranenborg oer de drokte op de fearboaten

Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

It is dus drok op de fearboaten, mar neffens de direkteur fan Wagenborg, Ger van Langen, net té drok. "Er mogen duizend mensen op de boot naar Schiermonnikoog en die hebben allemaal een zitplaats."

Wagenborg hat ekstra maatregels naam om fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean "We hebben op alle terreinen, in de terminals en op de schepen mondkapjes verplicht gesteld omdat we ook zien dat anderhalve meter afstand niet altijd mogelijk is. Daar houden mensen zich over het algemeen goed aan."

Wagenborg-direkteur Ger van Langen oer de drokte

Makkum

Ek op it strân by Makkum is it smoardrok, sjocht ferslachjouwer Maaike van der Hoek. "Doe't ik hjir fan 'e moarn oankaam stiene ferkearsregelders al klear, by de dyk del stean kilometers oan auto's."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op it strân

(Advertinsje)
(Advertinsje)