Fiif nije coronagefallen; hieltyd mear minsken litte har teste

31 jul 2020 - 12:40

It oantal minsken dat him teste lit yn Fryslân rint op. Der is sprake fan in taname fan 10 persint. Dat seit Wim Kleinhuis, direkteur fan Feilichheidsregio Fryslân. De ôfrûne wike binne der fiif nije positive tests by kaam. Yn totaal hawwe no 2.416 Friezen har teste litten.

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dat der mar fiif nije besmettings foar it ljocht kaam binne, is neffens Kleinhuis posityf: "Dat is fansels mar in hiel lyts bytsje op sa'n oantal. Wy meie der hiel tefreden mei wêze dat wy yn it Noarden oant no ta mar in hiel lyts oantal besmettingen hawwe." Dy fiif nije besmettings binne losse gefallen. "We hawwe yn Fryslân gjin lêst fan besmettingsbrânhurden. It binne allegear losse gefallen dy't it op ferskate plakken oprûn hawwe."

Simmerdrokte

It is heech simmer en smoardrok yn Fryslân. Dochs bliuwt it oantal coronabesmettings hjir leech. Neffens Kleinhuis hat dat der foar it grutste part mei te krijen dat minsken har hjir goed oan de regels hâlde. Kleinhuis: "It is te drok. Dêr binne wy hiel dúdlik oer. Mar om't we sa'n lyts oantal besmettings hawwe, rint it hjir net út de hân. Dat sjochst yn de Rânestêd wol oars." Dêrneist binne minsken yn Fryslân in soad yn de bûtenloft, dêr't it besmettingsgefaar lytser is as yn 'e hûs of de kroech.

Mûlkapkesplicht

Yn Amsterdam en Rotterdam jildt fan 5 augustus ôf in mûlkapkeslicht. Yn beide gemeenten moatte minsken dan op drokke plakken, lykas winkelgebieten en merken, in mûlkapke op. Yn Fryslân is dat noch net oan de oarder. Kleinhuis: "Wy folgje dat fan hiel tichtby en binne benijd hoe't dat giet. Wy hawwe op dit stuit noch gjin oanlieding om sa'n maatregel ta te passen."

"Ik bin wol bliid dat we de mooglikheid hawwe, mar dan moat der wol wat oan de hân wêze. It is wol in ferplichting dy't je minsken oplizze en dêr moat echt in reden foar wêze. Wy binne eins best wol tefreden, nettsjinsteande de drokte."

Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)