Zorgpension iepenet nije lokaasje yn Dokkum

Zorgpension, soarchoanbieder foar tydlik ferbliuw mei soarch op maat, iepenet in lokaasje yn Dokkum. De iepening stiet pland foar kommend neijier.
Sikehûs Sionsberg © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ynwenners fan Noard-Fryslân dy't om medyske reden tydlik net yn steat binne om thús te wenjen, kinne fan novimber 2020 ôf telâne by it Zorgpension. Dat is bedoeld foar minsken dy't herstelle nei sykte of in sikehûsopname, mar bygelyks ek foar âlderein dy't om medyske redenen efkes net mear thús wenje kin. Under begelieding wurkje sy oan it werom krijen fan harren selsstannigens en risse sy har ta om wer werom nei hûs ta te gean.
It Zorgpension krijt in ûnderkommen yn it eardere sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Der sil earst ferboud wurde. Der komme fiif twapersoanskeamers yn it Zorgpension en seis ienpersoanskeamers. Dat betsjut dat der yn earste ynstânsje 16 saneamde ELV-bêden (eerstelijnsverblijf) beskikber binne. Op termyn kin dat oantal útwreide wurde nei 30. Ek komme der mienskiplike romten.