Craig Osaikhwuwuomwan ek takom jier by Aris

31 jul 2020 - 11:32

De basketballers fan Aris kinne ek takom jier in berop dwaan op forward/center Craig Osaikhwuwuomwan. De 29-jierrige 'Craig O.' hat syn kontrakt by de basketbalklup út Ljouwert mei in jier ferlinge. Dat meldt Aris op har webside.

Foto: Omrop Fryslân

De 2.11 meter lange Craig O. is net in ûnbekende op it 'Kealledykje'. It wurdt syn fiifde seizoen yn Ljouwert. Haadcoach Ferried Naciri lit yn in reaksje op de webside fan Aris witte dat er tige wiis is mei de kontraktferlinging fan ien syn wichtichste spilers: "Een van de redenen van ons succes in 2020 was de terugkeer van Craig in onze line-up na een lange blessure. Ik ben daarom ook verheugd dat Craig komend seizoen opnieuw voor Aris uitkomt en dat we ons werk van afgelopen seizoen ook met hem kunnen doorzetten."

Earder wie Aris al akkoart mei fiif oare spilers oer in kontrakt foar takom seizoen en waard point guard Chad Frazier oanlutsen. De seleksje bestiet no út sân spilers, de klup seit dat se op koarte termyn ferwachtsje de seleksje rûn te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)