Minder huzen ferkocht yn Fryslân, prizen wol omheech

De huzeferkeap yn Fryslân is yn it twadde fearnsjier fan 2020 weromrûn. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Yn hast alle oare provinsjes waarden just mear huzen ferkocht.
© Rjochtenfrij
Yn Fryslân sakke de ferkeap mei 1,8 prosint, wylst yn trochsnee de ferkeap yn Nederlân mei 4,6 prosint omheech gien is. Hast alle oare provinsjes seagen in stiging, op Noard-Hollân nei. Dêr waarden likefolle huzen ferkocht as in jier earder.

Prizen bytsje heger

De trochsnee priis fan in hûs yn Fryslân gie mei 6,1 prosint omheech. Dat is minder as alle oare provinsjes, lanlik waard de priis 7,5 prosint heger. Grinslân hie de grutste stiging fan prizen. Dêr gie de priis gemiddeld 11 prosint omheech.