Burgumer ûndernimmers lilk oer sluting Rabobank-filiaal

31 jul 2020 - 10:27

Undernimmers yn Burgum binne der hielendal klear mei: it kantoar fan Rabobank yn harren doarp is al sûnt it begjin fan de coronakrisis ticht. De ûndernimmers kinne dêrtroch gjin jild stoarte of lytsjild ophelje en moatte útwike nei filialen yn oare plakken. Datselde jildt foar klanten fan it kantoar yn Boalsert. Dy moatte útwike nei bygelyks Snits.

Foto: Google Street View

"Do kinst wol nei Drachten of Ljouwert ride ast wat nedich hast, mar dat heart gewoan net sa", leit Franke Atsma fan de boekhannel yn Burgum út. It soe folle praktysker wêze as it bankkantoar yn it doarp iepen wie. "Net allinnich foar de ûndernimmers, mar ek foar de minsken sels. Ik krij in soad klanten yn de winkel dy't der net bliid mei binne, mar der wurdt net nei harren lústere."

Trochferbûn

Neffens Atsma hat Rabobank gjin goede ferklearring foar wêrom't it filiaal net wer iepengiet. "Se kinne it net útlizze. En ast it filiaal yn Drachten bellest, wurdt trochferbûn mei it lanlike nûmer. As ik yn myn winkel sa mei klanten omgean soe, soe ik fallyt gean. It is wat in apart belied."

Atsma tinkt dat de reden achter de lange sluting is dat Rabobank it filiaal yn Burgum eins definityf slute wol. Filialen yn oare lytsere plakken binne noch wol iepen. Atsma freget dêrom om dúdlikens fan Rabobank: "Se moatte wol earlik wêze as se fan plan binne Burgum te sluten."

Undernimmer Franke Atsma fan Burgum

Neffens Durk Mous, direkteur fan Rabobank Drachten/Noardeast-Fryslân, is dat lykwols hielendal net wat der oan de hân is: "Wy hawwe oan it begjin fan de coronakrisis hiel kritysk sjoen nei ús kantoar en de feiligens fan de minsken dy't der wurkje", leit er út. "Tsjin ús klanten hawwe wy doe sein dat we werom giene nei twa kantoaren: Dokkum en Drachten. De oare kantoaren slute we foar salang't dat nedich is."

Plofkreaken

Der spilet neffens Mous ek noch wat oars mei. "Oan it begjin fan de coronakrisis wiene der ferskate plofkreaken mei sealbagapparaten." Dat binne de automaten dêr't minsken oan de bûtenkant fan de bank sels jild mei stoarte kinne. Rabobank besleat nei dy plofkreaken it oantal filialen mei dy apparaten werom te bringen. Mous: "Yn gearspraak mei oare banken waard bepaald wêr't der noch wol fan apparaten stean bliuwe soene. By Rabobank waard der keazen foar Drachten en Dokkum."

Noch hieltyd ticht

In healjier letter binne de sletten filialen lykwols noch hieltyd net iepen. Wêrom is dat? Mous: "Us minsken wurkje foar 80-90 persint thús en wy binne hiel soarchfâldich yn it opnij iepenjen fan kantoaren. Yntusken hawwe we yn Fryslân wer in oantal kantoaren iepene, wêrûnder dat yn Surhústerfean. We sjogge ek nei de mooglikheden om oare kantoaren wer iepen te dwaan."

Gjin definitive sluting

De lestigens sit him der neffens Mous yn dat de kantoaren coronaproof makke wurde moatte. Dêr wurdt net fuort feart achter setten om't Rabobank ek merkt dat de fysike kantoaren minder klanten lûke. Mous: "In hiel soad klanten komme eins nea op kantoar en dogge alles digitaal. Dy ûntwikkeling giet sa rap dat wy dêr kritysk nei sjogge." It is neffens Mous lykwols de bedoeling dat it Rabobank-filiaal yn Burgum gewoan wer iepengiet.

Durk Mous, direkteur fan Rabobank Drachten/Noardeast-Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)