Simmerblog: Simmer yn Appelskea

31 jul 2020 - 18:01

Omrop Fryslân is freed de hiele dei yn Appelskea. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Ein fan dit simmerblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dizze dei yn Appelskea. Tank foar it folgjen!

Moandei binne we der wer, dan is Simmer yn Fryslân yn Earnewâld.

Sjoch hjir nei de telefyzje-útstjoering:

17:35
De heks fan Appelskea

Yn Appelskea kinne je in wiere heks tsjinkomme. Margarita Rongen hat dêr nammentlik al jierren in Heksemuseum. Heks wurde je net samar, fertelt se. "Je wordt heks door een opleiding van een jaar en een dag bij een andere heks, ik heb dat bij mijn vader gedaan." Se hat hiel wat leare moatten. "Je moet alles weten van de kruiden, je moet de Latijnse namen weten, hoe je runen legt, je moet leren bol kijken..."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma by De Heksehoeve

Heks Margarita Rongen en Ninti Schavemaker - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
16:37
Boartsje én leare yn Duinen Zathe

Op in waarme dei as freed kinne de bern harren goed fermeitsje. En yn it ferkearspark kinne se sels noch wat opstekke. "Er zijn een heleboel kleine kinderen die nog geen verkeerslessen op school hebben. Dus we proberen ze wel te leren wat links en rechts is, welke borden je tegenkomt, waar je moet stoppen. Dus het heeft ook wel een enigszins educatieve achtergrond", seit Eelco Verstraten, dy't as plysje troch it park rint.

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn Duinen Zathe

15:52
Spetterje op De Roggeberg

It is drok op fakânsjepark De Roggeberg. De bern kinne harren fermeitsje yn it nije Spetterparadijs. "We hebben baden voor peuters, kleuters en kinderen, we hebben een spraypark met allerlei attracties", fertelt bedriuwslieder Stef Daams. Troch de coronakrisis meie op it stuit allinnich gasten fan de camping it swimbad brûke.

Taeke Oostra: "Ik ha hjir altyd frijwilligerswurk dien en sûnt oktober ha ik hjir in baan, dat wie in dreambaan foar my. It is prachtich om hjir te wurkjen."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn it Spetterparadijs

13:57
Klimbosk

Klimme, oer hindernissen hinne klauwe, mei in kano oer it wetter. It kin allegear by It Klimbosk yn Appelskea, dêr't allegear bûtensporten bymekoar komme. By de tokkelbaan nei ûnderen is ek wol aardich, kaam ferslachjouwer Froukje Sijtsma efter...

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma by It Klimbosk

13:25
Efkes bridge yn de bosk
Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
12:50
Bioferskaat yn Appelskea

Appelskea wol it doarp griener ha. "Wy ha in plan hân om de bioferskaat mear in plak te jaan yn Appelskea", seit Jan van Gelderen, foarsitter fan it pleatslik belang. Der moat noch hiel wat barre yn it doarp. "Wy wolle it hiele doarp in blommedoarp meitsje." Doel is om fan Appelskea in Blue Zone te meitsjen, in plak dêr't minsken langer en sûnder libje.

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn petear mei Jan van Gelderen

Jan van Gelderen - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
11:51
Toeristysk Appelskea

Appelskea is fansels hiel populêr by de toeristen. "Zes weken per jaar hebben we hier heel veel bezoekers," seit Sudhira Hoeksma fan it Toeristysk Ynformaasje Punt. De gasten stelle it foaral op priis dat der sa'n soad ferskillende dingen te dwaan binne. "De natuur ligt hier in je voor- én achtertuin. Je kunt hier mountainbiken, fietsen, zwemmen, wandelen. Je kan het actief of rustig maken, alles wat je zoekt is er."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma

Sudhira Hoeksma - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
10:55
Troch de slús

By de slús yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart is it op sinneskyndagen net al te drok. "Minsken wolle de romte op, net troch de doarpkes", fertelt slúswachter Mark Hofstra. Al sûnt 1998 stiet er op de slús. "As je derby wenje is it hiel moai wurk. It is eins in simmerbaantsje."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma by de Appelskeaster slús

10:22
Swimme yn de bosken

Middenyn de bosken by Appelskea leit it Bosbad, in iepenloftswimbad. "Het is een hele mooie plek om naar je werk te mogen. Het went ook nooit, als de zon schijnt en de vogeltjes fluiten", fertelt Odette Rozijn. In protte minsken wolle dan ek graach swimme op sa'n moai plak. "Voor corona stonden er op een dag als vandaag wel drie- tot vierduizend mensen voor de deur."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar by it Bosbad

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
10:00
De leginde fan de Bosberg

Neffens in 19e-iuwske leginde soe der ûnder de Bosberg in enoarme ikebeam stean moatte. Foar de bou fan de Bosbergtoer waarden de beammen op de Appelskeaster heuvel ûndersocht. "Middels DNA onderzoek is gebleken dat de drie stammen die hier zitten minstens 400 jaar oud zijn", fertelt Geert Veen. It liket as oft der trije beammen stean, mar dy komme - fier ûnder de grûn - byinoar. "Hij is als één eik ontstaan, en is in de loop der jaren gesplitst. Wat je ziet zijn de toppen van de boom."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar op de Bosberg

9:45
De fjouwer A's fan Appelskea

"De vier A's: We doen in Appelscha aangenaam, aantrekkelijk, actief en avontuurlijk", dat is de ûnoffisjele slogan fan Geert Veen foar it doarp Appelskea. "Het is voor elk wat wils."

Veen docht fytstochten yn en om Appelskea hinne, ûnder oare by de histoaryske plakken del. Hy fertelt foaral oer de Twadde Wrâldoarloch, dêr't yn Appelskea noch hiel wat fan te sjen is.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei Geert Veen

9:30
Wolkom yn Appelskea

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is freed te gast yn Appelskea. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Froukje Sijtsma dogge de hiele dei ferslach.

Tongersdei wie Simmer yn Fryslân yn Hallum. Dat kinne je hjir lêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)