Kollum: "Tusken hoop en eangst"

"Wy hawwe fakânsje mar ik fyn der net folle oan, earlik sein. Ik fermeitsje my wol hear, dat is it probleem net. Mar it libben is bêst wol saai no't der neat trochgean kin, lykas it skûtsjesilen. It hat oant no ta alle dagen moai waar sylwaar west en we wiene sa benijd hoe't De Jonge Jan it dwaan soe foar Langwar. As it goed is, binne dêr yn septimber in pear wedstriden om it 75-jierrich jubileum fan de SKS te fieren en yn oktober binne der ek noch slotwedstriden fan de IFKS.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
It is in soarte fan tuskenynperioade en dan bedoel ik tusken hoop en eangst. Neffens my leit it firus wer op de loer mar ik soe in nije lockdown freeslik fine, benammen foar de âlde minsken. Ik begryp wol dat in soad lju der graach wer ris op út wolle en it leafste krekt dogge as is der neat te rêden, mar tagelyk hast dan ek in behoarlik boerd foar dyn kop.
Wy ha tiisdei einlings wer ris by ús pake yn Maastricht west. Hy mei net mear as twa minsken tagelyk op besite ha en it mûlkapke moast om. We mochten wol mei him te rinnen bûten it fersoargingstehûs, mar we koene dêr net yn it restaurant of yn 'e tún sitte. It is in kwestje fan beheinde frijheid mar lokkich komt der alle dagen wer besite.
Us pake hie in pear tûzen kaarten krigen omdat er yn april 100 jier waard en hy hat no sawat alle postsegels fan de sluven knipt. Neffens myn muoike wiene de Friezen en Friezen om utens it meast fanatyk en der siet in kaart tusken fan in âlde fuotbalkammeraat fan eartiids. Dy is ek 100 jier en se ha mei-inoar belle, wylst se wol 80 jier gjin kontakt hân ha! Mar eltse kaart en elts gebear wie bysûnder, dus tige tank foar alle muoite dy't jimme nommen ha!
Doe't wy fuortgiene, sei pake Kees dat we de kofjetafel fan syn jierdeifeest noch wol tegoede hiene. Dêr soene in protte famyljeleden wêze, mar nimmen wit wannear't it wer mooglik is om mei safolle minsken yn it soarchsintrum by elkoar te kommen. Yn België en Dútslân binne de regels oangeande it firus yntusken alwer oanskerpe, mei ta gefolch dat ynwenners de grins oerfleane en yn Maastricht komme te winkeljen.
Dat komt op itselde del as earne in stek fan gaas delsette om de miggen tsjin te hâlden. Der binne ek noch altyd minsken dy't miene dat it firus net bestiet omdat se nimmen kenne dy't it hân hat. Mar yn Maastricht binne der ferhalen genôch en achter in protte fan dy ferhalen sitte freeslike famyljedrama's.
Minsken dy't allinnich stjerre en famyljeleden dy't mei in gefoel fan ûnmacht of in skuldgefoel achter bliuwe. In heit en mem út ien húshâlden ferstoaren oan it firus, in protte personiel yn it sikehûs siik; Ik ha it út earste hân heard dus nim mar fan my oan dat dit firus echt bestiet! Wês bliid datst nimmen kenst dy't it hân hat of der troch ferstoarn is, mar poets it ek net wei!
Ik ha myn twivels ek oer in hiele protte dingen, sa as brûken fan mûlkapkes. Mar as ik sa'n ding foar de snút ha moat, dan doch ik dat en as ik it net wol, dan bliuw ik thús. Ik kin my thús noch goed rêde mar sokken as ús pake kinne dat net en we kinne harren net wer mei in lockdown opskypje! Dêrom hâlde wy ús koest en geane we letter wol wer ris te pierewaaien. Hooplik yn septimber, nei Langwar mar ik moat it noch sjen!"