Boarterstún De Westereen sletten nei fernielings, mar no dochs wer iepen

31 jul 2020 - 08:09

Se wiene der hielendal klear mei yn De Westereen: ferskate kearen waard der guod fernield yn de boarterstún yn it doarp. It bestjoer besleat dy dêrom te sluten, mar dêr kaam sa folle protest tsjin, dat it boartersplak wer iepen giet. "We hiene net tocht dat der sa folle reaksjes komme soene, mar blykber docht it minsken dochs mear as we tochten", fertelt foarsitter Anneke Prins.

Foto: Facebook Belevingstuin De Hege Seis

'Belevingstuin De Hege Seis' waard fjouwer jier lyn oprjochte troch in groepke Westereners. Prins: "Ik moat sizze dat der echt wol wat unyks stiet yn dizze regio. Sokke boarterstunen binne der net in soad. It kostet in soad tiid en enerzjy en dan wurdt it dy gewoan by de hannen om ôfbrutsen. Dat fyn ik skande."

Der waarden ferskate kearen fernielings oanbrocht. Sa waarden der blombakken lege of netten stikken makke. Prins: "De lêste kear wie der in muzyktastel fernield. Dêr wiene rubberen ûnderdielen ôfsnien. Dat wie foar ús de drip. Dat gie sa raar dat wy tochten: no binne we der klear mei, we smite 'm ticht!"

Maatregels

Der stiet al in stek fan sa'n twa meter heech om de boarterstún hinne. Alle jûnen giet dat op slot en moarns wer iepen. "Kamera's ophingje mei net fanwegen privacy. Mear maatregels as we no naam hawwe, kin net. Dus wat moatte je dan? Je straffe de goeien mei it kwea", fertelt Prins.

Foto: Facebook Belevingstuin De Hege Seis

It is net bekend wa't de dieders binne. Prins hopet minsken yn de buert of âlden fan bern dy't yn de boarterstún boartsje, beweegje te kinnen om mei te helpen: "We hawwe earder in oprop dien op Facebook foar help, mar doe kamen der gjin reaksjes. Mar no binne de sa folle reaksjes, dat it hat wol effekt hân. We binne hiel bliid mei de oandacht dy't derfoar kaam is en hoopje dat minsken miskien wat foar de boarterstún betsjutte wolle."

Anneke Prins, foarsitter fan de boarterstún

(Advertinsje)
(Advertinsje)