Pieter Weening debutearret sneon foar Trek-Segafredo: "It wurdt in slachfjild"

31 jul 2020 - 07:00

Pieter Weening hat der lang op wachtsje moatten, mar sneon rydt er syn earste koers foar de nije ploech Trek-Segafredo. In lytse twa moannen tekene er in kontrakt by de ploech dêr't ûnder oaren Vincenzo Nibali en Bauke Mollema ride. It haaddoel fan Weening is de Giro d'Italia yn oktober.

It seizoen foar Weening begjint mei Strade Bianche. Dat is in wedstriid fan ien dei yn Italië oer 184 kilometer. Neffens de Harkyt is it te ferlykjen mei Parys-Roubaix. "It is in spesjale en nerveuze wedstriid, mei allegear ûnferhurde stroken. Moatst der goed trochhinne rôlje", fertelt Weening, dy't leaver wat in oare start fan it seizoen sjoen hie. "It hie better yn maart wêze kinnen, as der noch wat reinbuitsjes fallen wiene. It wurdt in slachfjild. Ik haw der wol nei útsjoen, mar hie wol leaver in pear wedstriden mei in oanrintsje."

Twa moannen stiet Weening offisjeel ûnder kontrakt. Hy hat koartlyn in oantal wiken op trainingskamp west yn de Italiaanske bergen om him dêr mei de ploech ta te rieden op it seizoen. Dat diene se mei de ploech dy't de Giro ride sil. Weening wie de iennige bûtenlanner tusken allegear Italianen. "Dan witst wol wat de taal is oan tafel. Ik ferstean der wol wat fan, mar as der in hiele flugge konversaasje dwaande is, mis ik wol in soad. Se prate ek wol in bytsje Ingelsk, dus it komt allegear wol klear, mar ik sil wol wat oan myn talen dwaan moatte tink ik", laket de 39-jierrige hurdfytser.

Foto: Trek-Segafredo

Pieter Weening

De koersen dy't Weening rydt yn augustus

  • Sneon 1 augustus: Strade Bianche
  • Moandei 3 augustus: Gran Trittico Lombardo
  • Woansdei 12 oant en mei snein 16 augustus: Critérium du Dauphiné
  • Snein 23 augustus: NK hurdfytsen
  • Woansdei 26 augustus: EK hurdfytsen

Coronafirus

De hurdfytswrâld is bûn oan in strang coronaprotokol. "Seis en trije dagen foar de wedstriid wurde je test en ik tink op it evenemint sels ek noch. Ik bin dizze wike al twa kear test. Mocht der wat oan de hân wêze, binne se dêr hiel rap efter." Soargen oer it coronafirus hat Weening net, nettsjinsteande dat der no by in oare koers ferskate hurdfytsers nei hûs stjoerd binne om't der kontakt west hat mei guon dy't it firus wol hawwe.

Soargen hat Weening wol oer as der ûnferwachte dochs in besmetting is. "Ik sit der wol oer yn dat we aanst yn in hotel sitte en dêr ien posityf rekket. As se dan it hotel twa wiken ôfslute en yn karantêne sette, dêr sit ik net op te wachtsjen."

(advertinsje)
(advertinsje)