Auto bedarret yn wetter nei achterfolging mei plysje yn Berltsum

31 jul 2020 - 06:59

Lâns De Pream yn Berltsum is yn de nacht fan tongersdei op freed in auto yn it wetter rekke nei in achterfolging mei de plysje.

Foto: De Vries Media

Oan de ein fan de jûn waard yn Berltsum in auto steande hâlden om't de bestjoerder mooglik ûnder ynfloed wie. De auto waard opmurken troch oare automobilisten, dy't de auto slingerjend oer de dyk riden seagen. De bestjoerder negearre in stopteken fan de plysje en pykte dêrnei út. De plysje sette de achterfolging yn.

Greide yn

Yn de buert fan De Pream besleat de bestjoerder in greide yn te dûken om de plysje ôf te skodzjen. Oan de ein fan de greide wie lykwols in sleat, dêr't de auto yn ried.

Om't earst noch net bekend wie oft de fertochten noch yn de auto sieten, waard de brânwacht en in ambulânse oproppen. Al gau die bliken dat der gjinien mear yn de auto siet. De omjouwing waard dêrop ôfsocht nei de ynsitters.

Trije ynsitters

De bestjoerder waard fierderop yn de omjouwing oanhâlden. In byrider syn gegevens waarden notearre om't der net genôch bewiis wie om de man oan te hâlden. In tredde ynsitter waard ferwûne oantroffen yn in achtertún en is oerbrocht nei it sikehûs.

De auto is troch in bergingsbedriuw út de sleat helle en dêrnei troch aginten trochsocht.

Trefwurden: 
plysje Berltsum achterfolging
(advertinsje)
(advertinsje)