KNRM mear yn aksje troch boaten yn problemen by Pollendam foar Harns

31 jul 2020 - 16:15

De KNRM fan Harns moat de lêste wiken faker yn aksje komme foar meldingen by de Pollendam yn de Waadsee. Boaten farre by de daam op om't dy, by heech wetter, ûnder wetter stiet en de minsken de daam dan net sjogge.

KNRM mear yn aksje troch boaten yn problemen by Pollendam foar Harns

De Pollendam leit neist de fargeul fan Harns nei Skylge en Flylân, krekt foar de yngong fan de haven. No't der wer mear boaten op it wetter binne, krijt de KNRM ek hieltyd mear meldingen fan minsken dy't by de daam opfarre. "Het lijkt er op dat we de laatste tijd wel wat extra gevalletjes hebben van de Pollendam. Wij doen als KNRM reddingen over de hele Waddenzee, maar het lijkt erop dat we toch een concentratie hebben gehad in de laatste weken", fertelt Derk van Dieren fan de KNRM yn Harns.

Lokale kennis

De KNRM sjocht dus dat it faker bart en hat wol in idee wêrtroch't it komt. "Ik denk dat het toch ligt aan reisvoorbereiding en het gebrek aan lokale kennis", seit Van Dieren. Op de daam steane wol peallen mei it sifer 30 derop. Dit betsjut dat boaten 30 meter fan de daam ôf farre moatte, mar dat bart net altyd.

"Er is zelfs nog een betere oplossing. Een meter of 100 vanaf de Pollendam ligt een recreatiegeul tussen de groene en de gele tonnen, het zogeheten hanenrak. Dat is de beste route om de haven van Harlingen richting Vlieland en Terschelling te verlaten, want dan heb je geen last van de commerciële scheepvaart en je zit ver genoeg van de Pollendam af om veilig te kunnen varen."

Derk van Dieren - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Nu fan de Pollendam

De Pollendam soarget dus foar gefaarlike situaasje op it Waad. Dochs kin de daam net fuort, hy hat nammentlik in wichtige funksje. "Het nut van de Pollendam is dat hij het vaarwater naar Harlingen op diepte houdt. De Pollendam verlegt de stroom zodanig dat de aanvoerroute naar Harlingen altijd op diepte blijft", leit Van Dieren út.

Minsken moatte dus opletten bliuwe. "Het belangrijkste is een goede reisvoorbereiding. Kijk waar je heen gaat, kijk hoe het tij loopt, kijk hoe de stroming is, bepaal je routes. Het klinkt heel logisch, dat zou iedereen doen, maar blijkbaar is dat vaak niet genoeg en daardoor komen mensen in de problemen."

Mar mocht ien no wol yn de problemen komme, dan is der altyd noch de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij. "Met vrijwilligers die altijd bereid zijn om hulp te bieden, dat doen we vrijwillig en vrijblijvend al bijna 200 jaar en dat zullen we nog steeds blijven doen".

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek is mei de KNRM it Waad op

(Advertinsje)
(Advertinsje)