"Ik moat suver spuie krekt foar de start"

30 jul 2020 - 20:08

Riemer van der Velde wennet oan de Langwarder Wielen. Gewoanwei is it in kommen en gean fan bekende Nederlanners op de Langwarder dei fan de SKS. Dit jier bliuwt it stil yn de tún. Van der Velde is te gast yn It Skûtsjesjoernaal. Mei him hawwe wy it oer fuotbal en loslitten mar ek oer it skûtsjesilen.

Johannes Meeter wie skipper op it Langwarder skûtsje mar ferruile it foar Huzum yn 2017. Nei de twa Lodewijken is der mear sukses foar de Huzumers. Wedstriidspanning en oare saken komme oan de oarder mei him.

De twa foargongers Lodewijk dogge harren ferhaal yn de histoaryske reportaazje. In prachtige oade oan Johannes Meeter komt fan syn freon Raynaud Ritsma.

Riemer van der Velde - Foto: Omrop Fryslan

It Skûtsjesjoernaal

Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.

(advertinsje)
(advertinsje)