Fierljepper fljocht publyk yn: learmomint foar Ljeppers Boun yn coronatiid

30 jul 2020 - 18:30

Ysbrand Galama ljepte woansdeitejûn yn Winsum nei in persoanlik rekôr. In moaie sprong, mar dêrnei fleach Galama it publyk yn en hong er supporters suver om 'e nekke. Foar foarsitter Teije Dijk fan it Frysk Ljeppers Boun is it in learmomint. "De eufory, de emoasje, ik snap it goed. Mar it kin net. Ysbrand sels sei ek dat it nea moatten hie."

De sprong fan Galama

Dijk wie like bliid mei de sprong as dat in soad oare taskôgers wiene. "Dat wie fantastysk fansels. It is wol te begripen dat it publyk optein is, lykas Galama sels. Mar it kin absolút net dat hy sa it publyk yn rûn. Wy hawwe der wol in pear reaksjes op krigen. Wy hawwe wol fuort dúdlik makke dat it sa net kin. It is ek mei Ysbrand bepraat. Dêr wie er him ek wol fan bewust. Mar yn de eufory fan syn sprong is hy it publyk yn rûn en liet er in soarte huldiging oer him hinne komme litten. Mar dat kin net. Hy sjocht ek yn dat dit sa net moatten hie."

'It gie efkes mis'

De foarsitter leit nochris út wat de regels binne. "Je moatte oardel meter útinoar sitte. Mar famyljes meie byinoar sitte, dus dat kin op byld wol wat fertekenje. Der is hieltyd in tafersjochhâlder op it terrein dy't in kontrôle docht en minsken oansprekt. En der wurdt sa no en dan omroppen út de bus wei om ôfstân te hâlden. Foar de ljeppers jildt dat sy op it terrein fan de skâns bliuwe moatte. Der is ek in aparte rûte foar de ljeppers, sa't sy skieden bliuwe fan it publyk. Dat binne de regels en dy binne bekend. Mar woansdeitejûn gie dat efkes mis."

Dêrom sil der tenei better op tasjoen wurde dat de regels nóch better folge wurde, seit Dijk. "Je moatte it hieltyd wer ûnder de oandacht bringe. Galama hat ek in foarbyldfunksje foar oare ljeppers. Mar hy sil it net wer dwaan."

Foarsitter Teije Dijk fan it Frysk Ljeppers Boun

(Advertinsje)
(Advertinsje)