Strânferkiezing: It Amelân hat it skjinste strân

Fan alle Nederlânske strannen is it strân fan It Amelân it skjinst. Dat is de útkomst fan de strânferkiezing dy't elts jier holden wurdt, organisearre troch Strand Nederland en Stichting Nederland Schoon. Acht ynspekteurs hawwe 36 lokaasjes fan Seelân oant de Waadeilannen ûndersocht. En dêr kaam it Amelân as bêste út.
© Shutterstock.com (T.W. van Urk)
De sjuery hat foar it earst in 10 útdield sûnt de start fan de ynspeksjes. "Op Ameland klopte alles dit jaar: van paviljoen tot parkeerplaats en van de vloedlijn tot de verre omtrek van de opgangen. Een ontzettend knappe gezamenlijke prestatie van gemeente, ondernemers, bewoners en bezoekers." Dêrnjonken hat It Amelân ek it meast duorsume paviljoen: Strandpaviljoen Sjoerd yn Nes.
"We kijken bij de parkeerplaatsen en fietsenstallingen, we lopen via de opgangen het strand op, kijken bij een paviljoen en verder langs de vloedlijn en op het strand. De Zeeuwen hadden jaren het schoonste strand, dus het is wel leuk dat Ameland het nu heeft," seit Henk Kleim Teeselink fan de sjuery.
Neffens de gemeente Amelân binne der in soad frijwilligers dwaande om it strân skjin te hâlden. De gemeente jout as foarbylden de himmelaksjes fan Juttersvereniging Ameland en fan Jeugdherberg Stayokay.
Henk Kleim Teeselink fan de sjuery