Dalstra hat it dreech: gevels himmelje yn stee fan ride yn de touringcar

30 jul 2020 - 17:08

It is in nuver gefoel foar de sjauffeurs fan Dalstra Reizen. Gewoanwei ride sy yn it simmerseizoen troch hiel Europa yn in touringcar. Mar no steane sy op in ljedder gevels te himmeljen. "Op it momint is it in drege saak. Wy hawwe noch net in soad mooglikheden om te reizgjen troch Europa. Op dit stuit hawwe wy twa yn Dútslân sitten, mar oars ride der yn dizze tiid in stik of 16 troch hiel Europa," seit direkteur Jan Dalstra.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

"As je mar twa bussen yn Europa riden hawwe, dan sitte der ek in stik of 20 sjauffeurs thús. Wy wolle dochs graach in bytsje yn petear mei-inoar. Wy seine: wy kinne wol wat opknappe om 'e doar hinne, mar dat is mear om de tiid te ferdriuwen as dat it moai is. De sjauffeurs wolle fansels ek graach ride," seit Dalstra.

Seizoen ferlern

Der binne ek folle minder gasten yn de bus. "Gewoanwei kinne der in stik of 32 minsken mei, no mar in stik of 16. Dus dat smyt ek neat op. Us seizoen is kompleet ferlern. Dus wy wachtsje noch wol op stipe. Wy hâlde ús goed oan de maatregels foar de hygiëne, der wurdt goed skjinmakke en de sjauffeurs hawwe dêr ekstra materiaal foar mei. De minsken moatte in mûlkapke op en kinne harren hannen mei hângel skjinmeitsje. En sy moatte in sûnensferklearring ynleverje. Dan kinne wy op reis."

Direkteur Johan Dalstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)