Nije perronkappen op stasjon Ljouwert: "We willen de overlast beperken"

30 jul 2020 - 17:05

ProRail is begûn mei de restauraasje fan de perronkappen op it stasjon yn Ljouwert. It stasjon is sa'n 130 jier âld en de konstruksje op it perron wie oan ferfanging ta.

Nije perronkappen op stasjon Ljouwert: ''Het kan best voor wat overlast zorgen.''

De monumintale perronkappen besteane út de peallen op de perrons en de konstruksje dêr boppe-op. It stasjon fan Ljouwert is 130 jier âld en de konstruksje is oan ferfanging ta. Neffens projektmanager fan ProRail Jim van Leersum foldogge de kappen net mear oan de easken fan tsjinwurdich. "De bedoeling is dat het station weer in de oude staat terug komt. De oplossing zoeken we dus ook met name onder de grond, in de fundering", seit Van Leersum.

Oerlêst

De restauraasje kin foar oerlêst soarge by reizigers, mar ProRail besiket de oerlêst sa lyts mooglik te hâlden. "Het in onvermijdelijk. Als je gaat werken op een station zal er overlast ondervonden worden."

Benammen de kommende wykeinen sille minsken wat lêst hawwe fan de ferbouwing. Van Leersum: "Het kan zijn dat in de komende weekenden een aantal treinen niet rijden, maar dat hebben we zoveel mogelijk proberen te beperken. Reizigers krijgen hoogstens een andere looproute of kunnen last hebben van het geluid, maar voor de rest blijft alles eigenlijk zoals we het gewend zijn."

De renovaasje fan de kappen sille yn elts gefal noch wol oant ein 2022 duorje.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Giel stasjon

Neist de oanpassingen oan it perron is ProRail ek noch mei oare ûnderdielen fan it stasjon oan de gong. Eartiids wie it stasjon giel en in lyts stikje fan it stasjon is no wer giel ferve om te sjen oft de âlde kleur ek wer werom komme kin.

Van Leersum: "We hebben een kleurhistorisch onderzoek gedaan, en daar hebben we de oorspronkelijke kleuren van het gebouw gevonden. In overleg met verschillende partijen kijken we of we het station weer in oorspronkelijke staat en met de originele kleurstelling kunnen terugbrengen."

Ferslachjouwer Jantine Stoffers op it stasjon

Trefwurden: 
Ljouwert stasjon ProRail
(Advertinsje)
(Advertinsje)