Provinsje pakt 25 jier nei 'Fryslân fernijt' wer bestjoerlike fernijing op

30 jul 2020 - 18:10

De provinsje Fryslân giet nei de simmer oan de slach mei bestjoerlike fernijing. Dat proses moat liede ta goed gearwurkjende oerheden én folle mear ynspraakmooglikheden foar de boargers. Hjirby wurdt tocht oan saken as direkte digitale ynspraak, mar ek oan in Fryske senaat fan boargers, dy't advizen jout oer wichtige tema's lykas natuer- en miljeubelied en it nije streekplan.

Apotheker, Brok en Hermans yn petear oer bestjoerlike fernijing - Foto: Omrop Fryslân

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat bestjoerlike fernijing yn de portefúlje. Hy stribbet nei in krêftich iepenbier bestjoer foar Fryslân dat ienriedich funksjonearret en past by dizze tiid. It is net foar it earst dat Fryslân oan de slach giet mei in eksperimint foar bestjoerlike fernijing. Yn de jierren 90 mislearre it proses 'Fryslân fernijt', dat doe lutsen waard troch Hayo Apotheker, doe boargemaster fan Ljouwert, en Loek Hermans, doe kommissaris fan de Keninginne. Kommissaris Arno Brok gie dêrom tongersdeitemoarn yn it Provinsjehûs yn petear mei Apotheker én Hermans om te praten oer de needsaak mar ek oer de risiko's fan bestjoerlike fernijing.

Weryndieling

Yn 1995 woene Apotheker en Hermans de doetiidske gemeenten Ljouwerteradiel en Menameradiel weryndiele by Ljouwert om de Fryske haadstêd oan mear as 100.000 ynwenners te helpen. Tagelyk soe der ien Frysk plysjekorps komme moatte mei kommissaris Hermans as korpssjef. Ien en oar soe juridysk regele wurde yn in aparte wet Lex Frisionium foar de provinsje Fryslân, mar troch fûl ferset fan de plattelânsgemeenten en ek fan partijen as CDA en FNP gie it feest net troch.

"Ik wilde toen misschien wel te vlug", seit Loek Hermans, as er weromtinkt oan syn perioade as kommissaris. "We kregen de mensen in Fryslân toen onvoldoende mee." Hermans kin dat lykwols ek net los sjen fan in stik konservatisme yn de Fryske mienskip dat er omskriuwt as 'de tirannie van de status quo'. "Mensen hier zijn zo trots op hun eigen identiteit en geschiedenis dat ze niet altijd veranderingsgezind zijn. Maar je kunt natuurlijk ook veranderen met behoud van je identiteit en historie."

Ald-kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans

It útgongspunt foar bestjoerlike fernijing is yn 2020 in stik geunstiger as yn 1995, tinke de trije manlju. "Je kunt nu als bestuurder zeven dagen in de week contact hebben met je achterban, dat is fantastisch. Ik raad de provincie aan om goed gebruik te maken van de mogelijkheden voor digitale inspraak", seit âld-kommissaris Hermans.

It ynrjochtsjen fan in digitaal platfoarm foar direkte ynspraak is ien fan de sân foarstellen foar bestjoerlike fernijing yn de basisnotysje dêr't de provinsje Fryslân de kommende hjerst mei oan de slach wol. In oar foarstel is in boargerbudzjet, wêrby't boargers bepale wêr't de provinsje jild oan útjout. Wol soks doel hawwe, dan moat it boargerbudzjet wol 'substansjeel' wêze. De provinsje tinkt earder oan miljoenen as oan tonnen. It is de kommende hjerst oan de steaten om te besluten mei hokfoar foarstellen de provinsje as earste oan de slach giet.

Fryslân as eksperimintear-provinsje

Krekt as 25 jier lyn wurdt Fryslân wer in soarte fan eksperimintear-provinsje op it mêd fan bestjoerlike fernijing. Kommissaris Brok is goed warskôge troch de mislearring yn de jierren 90 en sil no syn bêst dwaan om it proses no better ferrinne te litten. De kommissaris heakket der oan ta dat it der net om giet om wat hy wol. "It giet der om wat de minsken yn Fryslân wolle."

Neffens âld-boargemaster Apotheker leit it geweldich foar de hân om Wetterskip Fryslân by de provinsje ûnder te bringen, om't beide organisaasjes in soad raakflakken hawwe. Je krije sa neffens him in sterker Frysk middenbestjoer, dat boppedat ek mear jild om hannen hat. Loek Hermans sjocht neat yn dat foarstel. "Als je waterbeheer ondergeschikt maakt aan de politieke waan van de dag, dan houden we geen droge voeten in dit land."

Brok sjocht mear yn yntinsive gearwurking mei 'de freonen fan it wetterskip'. "As it om de feangreide giet, kin in steatekommisje hiel goed fergaderje mei it wetterskipsbestjoer om de saken goed ôf te stimmen."

De kommissaris seit net út te wêzen op diskusjes oer nije bestjoerlike struktueren. "It giet my om de ynhâld. As it om struktueren giet, giet alle enerzjy en oandacht dêr hinne en dat is krekt net de bedoeling."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

Ien fan de saken dêr't de Fryske oerheden mei oan de slach moatte is mei de transformaasje fan de lânbousektor. "Wy hawwe 308.000 kij yn Fryslân. It is alve persint fan ús ekonomy en 40 persint fan de produksje is foar de eksport. As dat fuortfalt, krije we grutte problemen", seit Brok. Hy wol graach yn oerlis mei 'jonge boeren' wurkje oan perspektyf foar de sektor.

Beharkje ús bydrage oer bestjoerlike fernijing

(Advertinsje)
(Advertinsje)