Operaasje Fryske Flagge: Douwe Lawerman wennet yn Noarwegen, mar bliuwt Frysk

Fan alle lannen op ierde is der fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Wa't dat al dien hat, is Douwe Laverman dy't yn Noarwegen wennet.
© Douwe Laverman
Douwe Lawerman wennet al in hiel skoft yn Noarwegen, mar hy is der wol oer út wat eins syn thús is. "Ik praat wolris Noarsk, mar ik bliuw altyd in Fries. Us soan fan 12 praat it wol tige goed, mar as âlder persoan is dat dreger. Ik bin ferhûze yn 2009. Mar ik bliuw altyd Frysk. Der kaam in oanbieding foar in stiengat fan in Nederlânsk bedriuw, dêr haw ik doe wurke. Om't sy minsken nedich hiene, bin ik nei Noarwegen gien."

Westlike punt

Hy fertelt dat er dochs bêst in moai plak hat yn it lân. "Ik wenje suver op in eilân yn de Noardsee, op ien fan de meast westlike puntsjes fan Noarwegen. Der wurde wol in soad wynmûnen by Bergen boud, mar fierder is it hjir hartstikke moai."
Fan it coronafirus hat Lawerman eins gjin lêst. "Sy hawwe hjir de boel wol ûnder kontrôle. It wurdt aardich ôfskerme en minsken hâlde harren goed oan de regels."
Douwe Lawerman
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel is om foarinoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op woansdei yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.