MCL: soarch by twadde útbraak better garandearre

De soarch yn de Fryske sikehuzen is by in mooglike twadde grutte corona-útbraak garandearre. It ROAZ, it orgaan ferantwurdlik foar de sprieding fan pasjinten, hat in plan makke om de soarch yn de sikehuzen yn it Noarden op peil te hâlden. Sa moat foarkommen wurde dat de gewoane soarch yn 'e knipe komt troch in grutte stream coronapasjinten.
Soarch by twadde utbraak
No't it tal coronabesmettingen wer tanimt, binne sikehuzen dwaande mei de tariedingen foar de komst fan in mooglike twadde weach. Sa is de spesjale coronaôfdieling yn sikehûs MCL binnen twa dagen operasjoneel te meitsjen.

De reguliere soarch

Wat foar de sikehuzen wichtich wurdt by in twadde weach, is it op peil hâlden fan de gewoane soarch. By de earste weach dizze maitiid bleaune in soad minsken dy't soarch nedich hiene thús. Dat moat oars, seit ynfeksjolooch-ynternist Marit van Vonderen fan sikehûs MCL: "Wat wij vooral doen is de acute zorg garanderen. Dat de mensen die zorg in het ziekenhuis nodig hebben hier kunnen komen op een veilige manier."
Maatregels tsjin it coronafirus yn it MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Wachtlisten

De sikehuzen hawwe de measte wachtlisten dy't mei de earste útbraak dizze maitiid ûntstien binne, fuortwurke. Om nije listen foar te kommen wurdt goed sjoen nei planning. Ek wurdt tenei mear gebrûk makke fan fideobeljen om minsken te ynformearjen oer útslaggen. "Of gewoon bellen met de patiënten. We krijgen ook terug dat mensen daar tevreden over zijn. Dan hoeven ze niet speciaal naar het ziekenhuis te rijden", seit Van Vonderen.

Plande operaasjes

Der wurdt ek besocht om plande operaasjes safolle mooglik trochgean te litten: "We hopen dat we dat kunnen garanderen, dat dat lukt. Er zijn opschalingsplannen klaar." De sikehuzen yn it Noarden wurkje dêr ûnderling yn gear. Dat bart troch it ROAZ, it Regionaal Orgaan Acute Zorg. Dy giet oer de sprieding fan pasjinten oer sikhuzen.
It bliuwt allinnich fan it grutste belang dat minsken dy't soarch nedich hawwe nei it sikehûs komme, seit Marit van Vonderen: "De zorg is veilig. Veilig voor mensen die zorg nodig hebben. Ze moeten gewoon komen." Wichtich is ek, sa seit Van Vonderen, dat minsken har goed oan de maatregels hâlde: "Die anderhalve meter is echt belangrijk. En niet alleen tegen corona, maar ook de gewone griep die straks in het najaar weer op komt zetten."
Marit van Vonderen