Kafee De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum ticht troch ûnienichheid

30 jul 2020 - 14:54

Kafee De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum giet fuortendaalks ticht. Dat skriuwt eigneres Gertina Burger op har Facebookside. De grutte seal njonken de saak dy't in soad brûkt waard foar feesten, partijen en ferieningen yn Wytmarsum is al goed in jier ticht. Dêr is wenromte yn makke. It kafee wie noch wol iepen, mar ek dêr is no in ein oan kaam.

De Gekroonde Roskam - Foto: Google Street View

Eigeners Arno en Gertina Burger wolle net fierder op de situaasje yngean. Op Facebook falt te lêzen dat de plannen foar de grutte seal neffens de eigeners foar argewaasje soargen yn it doarp: "Er is enige strijd geweest maar we waren tot een compromis gekomen tot "we dachten" een ieders tevredenheid. Maar voor sommige mensen is dit blijkbaar niet genoeg. Wij willen jullie de details besparen maar voor ons is het wel genoeg geweest. Gelukkig hebben wij ook heel veel trouwe stamgasten die ons wel steunen en begrip hebben maar daarom willen wij ook niet dat de zaak escaleert. Mede door de aanpassingen van de Coronacrisis, die op deze manier ook niet haalbaar zijn, is ons besluit gevallen. We stoppen... Groet van Pel en Gertina."

Doarpsbelang skrokken

It doarpsbelang fan Wytmarsum is bot skrokken troch it nijs oer it sluten fan it kafee. Ek sy wolle net yngean op wat der krekt allegearre bard is. Neffens Pieter van der Zee fan doarpsbelang sille se nije wike moandei om 'e tafel om de ûntstiene situaasje te besprekken. De Gekroonde Roskam wie it iennige kafee en hat dêrmei in wichtige funksje yn it doarp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)