Plysje en definsje dogge ynfallen yn wenten op De Lemmer

30 jul 2020 - 14:10

De plysje hat tongersdeitemiddei, tegearre mei Definsje, twa ynfallen dien yn wenten oan de Luitjen Mulderstraat en de Meerkoet op De Lemmer. Dat diene se yn ferbân mei in rinnend resjerzje-ûndersyk.

De lokaasje oan de Meerkoet - Foto: CAMJO media

Definsje brûkte dêrby spesjalistysk ark dêr't se ek mei op ferburgen plakken komme kinne. De plysje wol noch neat sizze oer wêr't krekt nei socht waard en oer it resultaat fan de hússikings.

(advertinsje)
(advertinsje)