"Johannes is miskien wol twa klassen better as ús"

Lodewijk de 14e wie lang de bynamme fan de skipper(s) fan Huzum. De beide Lodewijken Meeter fertelle dat dat net posityf wie. Neef Lodewijk wie 11 jier skipper op it âlde skûtsje fan Huzum. Dat skip koe eins net hurder. Oan de bûtenkant like Lodewijk altyd fleurich mar fan binnen baarnde it, fertelt hy.
FIDEO: Histoarysk item Lodewijk de fjirtjinde
De broer fan de hjoeddeistige skipper Johannes Meeter hat dêrnei skippere op it nije skûtsje. Dat skip hat it wol, mar Lodewijk einige ek altyd achteryn. Dat hie mei ferskate dingen te krijen. No't Johannes derop sylt, giet it folle better. Miskien is hy wol twa klassen better as ús, is de konklúzje fan de Lodewijken de 14e.
© Omrop Fryslan
Yn It Skûtsjesjoernaal fan tongersdei 30 july binne skipper fan Huzum Johannes Meeter en âld-foarsitter fan SC Hearrenfean Riemer van der Velde te gast.
De oade komt fan Raynaud Ritsma.
It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen komme alle dagen út it skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.
Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.