Sportstad skrokken fan misstannen turnsport: "Wy sjogge se hjir elke dei"

30 jul 2020 - 18:20

It sloech yn as in bom by Sportstad Heerenveen, doe't fan 'e wike misstannen yn de turnsport foar it ljocht kamen. "Wy sjogge de turners en trainers hjir eltse dei, dus der is wol in bepaalde mjitte fan ûnrêst", seit algemien direkteur Rinse Bleeker.

"Wy binne sels net ferantwurdlik foar de trainingen, mar it bart wol ûnder ús dak. Wy hoopje dat de rêst gau weromkomt," seit Bleeker.

Gefolgen noch net wis

Wat krekt de gefolgen wêze sille foar it turnjen op It Hearrenfean is noch net dúdlik. "It is noch fierstente farsk", seit Evert Jorritsma fan Topsport Noord. "It programma draait gewoan troch, mar der is in oantal coaches by it nasjonale programma dat efkes in stap oan de kant dwaan moat troch it ûndersyk."

De twadde turnhal dy't by Sportstad boud wurde moat, komt der elts gefal wol gewoan, seit Rinse Bleeker. "Wy ha ôfspraken mei Topsport Noord en de KNGU, dy binne helder en gean gewoan troch. Oer trije wike begjinne wy mei de bou fan de hal."

Coach Tjalling van den Berg seit dat it mentaal in flinke klap is foar de turnsters. "Harren coaches, programma's, doelen, alles stiet op losse skroeven. Eins de hiele feiligens om harren hinne falt fuort. Fierder binne der ek noch de emoasjes dat in tal sporters thús noch in heit hawwe dy't oan de skandepeal hinget en dat der gjin oplossingen binne. Op dit stuit hie der ien stean moatten mei in harkjend ear. En ien dy't in bytsje perspektyf jaan kin. Want de sport is wol harren leafde."

Neffens Van den Berg is der mear tafersjoch nedich. "Der soe wol ien komme moatte dy't de sfear sa no en dan ris checkt. Wurdt der noch lake? Is der noch in positive enerzjy? De termometer moat der yn bliuwe om te sjen oft de kultuer goed bliuwt."

Ferslachjouwer Andor Faber yn petear mei Rinse Bleeker en Evert Jorritsma

Foto: Google Street View
(advertinsje)
(advertinsje)