Plysje socht drugs en wapens by ynfal Appelskea

30 jul 2020 - 11:56

De plysje hat woansdeitejûn in ynfal dien oan de Industrieweg yn Appelskea. Oanlieding dêrfoar soe in tip wêze dy't de plysje krige oer drugs en wapens yn de wente.

Der stiene meardere plysje-auto's by it hûs. Yn en om de wente waard ûndersyk dien. By de ynfal soe neat fûn en gjinien oanhâlden wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)