Finske Hells Angel sel yn foar drugssmokkel út Fryslân wei

30 jul 2020 - 11:13

In 44-jierrige Fin is yn syn heitelân feroardiele ta 11 jier selstraf foar it smokkeljen fan 86 kilo methamfetamine út Nederlân. Yn de saneamde Vidar-saak waarden earder dit jier op 17 plakken ynfallen dien, ûnder oare yn Fryslân. Yn juny stiene acht Friezen al terjochte foar harren rol yn de smokkel. Neffens Finske media is de man lid fan motorklup Hells Angels.

Foto: De Vries Media

De Nederlânske plysje hie begjin maart in auto tsjinhâlden by de grinsoergong by Nieuweschans. By kontrôle fûnen aginten de ferstoppe methamfetamine. Yn it ûndersyk ûntduts de plysje dat de lading nei alle gedachten nei de 44-jierrige Fin brocht waard.

De drugs waarden yn beslach naam en ferfongen troch sabeare pakjes. De auto waard dêrnei oerbrocht nei de Finske stêd Vantaa, in foarstêd fan Helsinki. De 44-jierrige man helle de 'drugs' dêr út de auto, die se yn Ikea-tassen, sette dy yn syn eigen auto en ried der dêrnei mei nei in loads yn in oar plak.

Drugs en wapens

Likernôch in healoere nei oankomst gie in 36-jierrige man it pakhûs yn. Doe grypte de plysje yn waarden se arrestearre. By de loads namen aginten njoggen kilo kannabis, 38 kilo eksplosiven, fjoerwapens en munysje yn beslach.

De 36-jierrige man dy't ek yn de loads oppakt wie, waard frijsprutsen fan drugshannel. Neffens de Finske rjochters is net bewiisd dat hy yn de loads mei de drugs yn oanrekking west hat. Wol krige hy in straf ûnder betingst foar wapenbesit.

Operatie Vidar

In tredde Fin, in 49-jierrige ûnderstelde hantlanger, is nei Nederlân oerbrocht om berjochte te wurden. By it ûndersyk, Operatie Vidar, makke de plysje gebrûk fan in kriminele boargerynfiltrant.

De earste ynliedende sitting fan dy saak wie yn juny yn Ljouwert. De advokaten fan de fertochten seinen doe dat de plysje te fier gien is by it ûndersyk.

Trefwurden: 
drugs Hells Angels Vidar Fin
(Advertinsje)
(Advertinsje)