Eigener Miss Etam, mei filialen yn Fryslân, freget útstel fan betelling

Modewinkelbedriuw FNG, memmebedriuw fan moadeketens as Miss Etam en Steps, freget om útstel fan betelling. Miss Etam hat filialen yn Ljouwert, Drachten, Snits en op It Hearrenfean. FNG hat yn België fallisemint oanfrege.
Miss Etam Stock © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De ûndernimming kampte al langer mei finansjele problemen, dy't slimmer waarden troch de lockdownmaatregels tsjin it coronafirus. No't banken oanjûn hawwe net mei ekstra jild oer de brêge komme te wollen, hawwe ferskate fennoatskippen fan de moadegroep fallisemint oanfrege.
It is de bedoeling dat de winkels fan FNG foarearst iepen bliuwe, seit in wurdfierder. Dêr heakket hy oan ta dat it noch mar de fraach is oft wurknimmers sin hawwe om nei it wurk ta te kommen, no't se harren wurk driigje te ferliezen. Woansdei lei personiel fan Brantano, ek ûnderdiel fan FNG, al spontaan it wurk del doe't út in te betiid ferstjoerde jieropjefte dúdlik waard dat der in bankroet op komst wie.

Krityk op boekhâlding

Neist de finansjele problemen troch de coronakrisis, wie der de ôfrûne moannen ek tanimmende krityk op de boekhâlding fan FNG. Troch in soad oernames sit it konsern djip yn de skulden. Ek krijt it syn jiersifers oer foarich jier net goedkard, trochdat fan meardere transaksjes de achterlizzende dokumintaasje kwyt of ûnfolslein is.

Part aktiviteiten trochsette

Troch yn Nederlân net foar in fallisemint mar foar útstel fan betelling te gean, hopet FNG in part fan syn aktiviteiten trochsette te kinnen. Ut de earste oankundiging fan de surseânse waard net fuort dúdlik om hokker ûnderdielen it gean soe. Foar de memmemaatskippij fan FNG en de Sweedske aktiviteiten, dy't foaral bestean út de foarich jier oername onlineferkeaper Ellos, is gjin fallisemint of útstel fan betelling oanfrege.