Turnbûn set topsportprogramma frouljusploech stil

30 jul 2020 - 09:25

It bestjoer fan it Nederlânske turnbûn KNGU set it programma fan de Oranje-frouljusseleksje stil salang't it ûndersyk nei de misstannen yn de sport rint. De seis belutsen coaches, ûnder wa bûnscoach Gerben Wiersma, meie foarearst net as trainer fan it bûn harren funksje útfiere.

It KNGU reagearret dêrmei op tsjûgenissen fan ferskate âld-turnsters, dy't ferklearren dat bûnstrainer Vincent Wevers him stelselmjittich skuldich makke hat oan grinskrusend gedrach. Wevers, en ek Wiersma, meie salang't it ûndersyk rint net belutsen wêze by it olympyske team.

Beide trainers binne yn tsjinst fan it KNGU en meie foarearst ek net aktyf wêze yn de turnsport. De fjouwer oare trainers dy't ek by it nasjonale team wurkje, meie wol by de turnferiening dêr't se no wurkje oan de slach bliuwe. It bûn sil mei de klups yn petear oer de winsklikens dêrfan, no't der in ûndesyk iepene is.

Ringje - Foto: Shutterstock.com

Mooglik gjin EK

De turnsters meie by harren klup trainen bliuwe, mar nasjonale trainings en wedstriden fan it nasjonale team gean foarearst net troch. De garânsje dat de Nederlânske frouljusploech yn desimber dielnimt oan it Europeesk kampioenskip, kin it bûn op dit stuit net sizze.

"De verhalen komen van alle kanten samen", seit foarsitter Monique Kempff. "Wil je een cultuurverandering bewerkstelligen, dan kun je geen halve maatregelen nemen."

Trefwurden: 
turnjen misstannen KNGU
(advertinsje)
(advertinsje)