Simmerblog: Simmer yn Hallum

30 jul 2020 - 18:00

Omrop Fryslân is tongersdei de hiele dei yn Hallum. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Ein fan dit simmerblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dizze dei yn Hallum. Tank foar it folgjen!

Freed binne we der wer, dan is Simmer yn Fryslân yn Appelskea.

Sjoch hjir nei de telefyzje-útstjoering:

17:40
De Koekefretters meie wer sjonge

Troch de coronakrisis koenen se efkes neat, mar yntusken mei Hallumer shantykoar De Koekefretters wer sjonge. "Fiif minuten fantefoaren binne wy begûn, sûnt begjin maart ha wy net oefene," fertelt Willem Spoelstra. It shantykoar ûntstie yn Simmer 2000 en hat dit jier dus it 20-jierrich jubileum. En dat wylst de oare muzykferieningen yn it doarp ferdwûn binne. "Wy hâlde it noch altyd sjongende. It korps en it koar binne opholden, it is in teken des tijds, skynber."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma by De Koekefretters

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
16:35
De omtinkers fan Hallum

Hallum draait op frijwilligers. Sa binne der yn it doarp twa 'omtinkers'. "Als je een probleem hebt en het zelf niet kan doen, kan je een omtinker bellen. Die zoekt een vrijwilliger om het op te lossen," fertelt Marijke Zegers fan it doarpsbelang. "Iedereen doet het graag, het hele dorp wordt erdoor opgefleurd."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn petear mei Marijke Zegers

Marijke Zegers - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
15:34
It giet mei de tiid

It wie ea de bedoeling dat der yn Offingaburg âlderein en jongerein wenje soe, mar tsjintwurdich is it foaral âlderein. De âldens en ek hoefolle soarch de bewenners nedich is is ferskillend. Frou De Haan is 102 jier mar noch altyd kwyk. "Dat is de muoite wurdich, dat is better as dat ik hjir as hiel âld wyfke siet."

Hallum is troch de jierren aardich feroare. De Langebuorren, bygelyks, wie ea in drokke strjitte. "Doe wiene der hiel wat mear winkels," laket De Haan. "It is in hiel stik feroare, mar it giet mei de tiid."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn Offingaburg

15:02
"De boel is stikken"

Somtiden sit it net mei, kaam ek ferslachjouwer Arjen Bosselaar tongersdei efter. Syn Omropwein hie der nei de tocht troch Hallum gjin nocht mear yn. "De boel is stikken", seit Bosselaar. "Op momint dat ik de auto start of de koppeling yntraapje wol der absolút net yn de fersnelling. Ik tocht earst, ik tuf lekker yn de earste fersnelling werom nei Ljouwert, mar dat sit der ek net yn." Mar, elk foardiel hat syn neidiel: hy koe lang om let ris in swimbad yndûke.

Arjen Bosselaar

14:30
De Boekenboot oan wâl

Yn Hallum sit De Boekenboot, mar nettsjinsteande de namme sit de winkel net mear op in boat. "In Leeuwarden hadden we de boekenzaak op de oude rondvaartboot. Een naam moet je nooit veranderen," seit Door van Wijk-De Ruiter. Doe't de saak 22 jier ferlyn nei Hallum ferhuze bleau de namme De Boekenboot dus yn stân.

De ferkeap is de lêste jierren flink weromrûn. "Het is niet veel meer, alles gaat tegenwoordig via sociale media en kringloopwinkels. Eigenlijk is het heel jammer dat al deze winkeltjes verdwijnen."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn De Boekenboot

13:21
"De klaaikeamers binne museumstikken"

Hallum levere de lêste jierren aardich wat sporttalint ôf, mar de fasiliteiten moatte gau oanpakt wurde, seit Siebe Post fan fuotbalferiening Wykels Hallum. "De klaaikeamers binne museumstikken en de fjilden binne fier ûnder de maat wat kwaliteit oanbelanget." It projekt Bruisend Hart is opsetten om de akkommodaasjes te fernijen. "Dat betsjut it oanlizzen fan fjilden, klaaiakkommodaasje en in kantine." Sa wol it doarp de leefberens yn stân te hâlde.

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma by Wykels Hallum

Siebe Post - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
11:49
Bisteboel

It is gesellich drok by it bisteparkje en boarterstún yn Hallum. "Hjir slaan altyd wol in soad bern om," seit behearder Wiebe Terpstra. De bern fine it prachtich om mei alle bisten te boartsjen.

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn it bisteparkje

11:11
Autocross

Al 57 jier is der autocross yn Hallum. Dit jier kin it net trochgean troch de coronakrisis. "It wurdt wolris faker ôfsein troch bygelyks it waar, mar dit ha wy noch nea earder meimakke," seit foarsitter Wiger Hellema. "De Hallumer cross is foar ús wol it evenemint fan it jier, dus dat komt wol efkes oan," fertelt koereur Feike Popma. Popma hat de ekstra tiid net brûkt om te trainen. "Dat is mear wat foar de talintleazen."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma by autocross Hallum

10:35
Swimtrauma's

Doe't ferslachjouwer Arjen Bosselaar swimles krige by De Sawn Stjerren yn Hallum waard noch gebrûk makke fan in heak om bern yn it wetter te korrizjearjen. Tsjintwurdich sil sa'n stôk net gau mear brûkt wurde. "Gelokkich net, dat is it trauma fan elk bern," laket Jantine Kuiken. "Mar ik haw 'm noch wol lizzen. By needgefallen springe wy der no sels yn, dat is dochs nofliker as dy heak."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn swimbad De Sawn Stjerren

10:18
Dokter Schaap

Yn Hallum stiet in monumint foar Jan Schaap, dy't jierren dokter wie yn Hallum. Der is noch in soad ûndúdlik oer it monumint, Dêrom dogge Evert Feenstra en Sijmen van den Berg no ûndersyk. "Hy wie in sear kundich en leaf man. Dokter is yn 1943 ferûngelokke yn 'e Hallumer Mieden." Sels yn in swiere tiid waard in monumint foar de dokter delsetten. "Wat wy net witte is wannear't dit monumint ûntbleate is, hoe it ta stân kaam is, dêr rinne wy gewoan op fêst." It trochsykjen fan de argiven levere noch neat op.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar by it monumint foar dokter Schaap

9:45
In typysk terpdoarp

Hallum is in typysk terpdoarp. "It wie in âlde terp, dat kinne je noch sjen, mei twa diken deromhinne," sa seit Jaap Meinsma. Hy waard hikke en teine yn it doarp. It doarp feroare troch de jierren, mar dat sil no wer oanpast wurde, fertelt er. "Der is in stik platslein, dat sil no wer opnij opboud wurde mei nije huzen. Dan sille se wer yn deselde line sitte, fan de bûtenste sirkel nei it tsjerkhôf."

Meinsma hat boeken fol mei foto's út de skiednis, sa as fan de lokomotyf dy't by Hallum ûntspoarde.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn Hallum

9:30
Wolkom yn Hallum

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tongersdei te gast yn Hallum. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Froukje Sijtsma dogge de hiele dei ferslach.

Woansdei wie Simmer yn Fryslân yn Bakkefean. Dat kinne je hjir lêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)