Kollum: "Bûgel"

30 jul 2020 - 08:31

"'Steeds meer volwassenen krijgen een beugel aangemeten. Maar het nut daarvan berust voor een groot deel op wetenschappelijk drijfzand.' Sa iepene De Volkskrant ôfrûne wykein. Ik bin in folwoeksene mei in bûgel. Ik wie dus wol benijd wat it wittenskipskatern fan dizze wurdearre krante oer dizze matearje te sizzen hat. De kar om in bûgel te nimmen, wie foar mij as nochtere Fries fry swier. En no stiet der dus yn 'e krante dat in bûgel wittenskiplik sjoen ûnsin is.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Boppe it stik stiet 'Beugels: noodzaak of luxe?'. Skriuwster Aliëtte Jonkers seit dat fan alle bûgelbehannelingen by bern, de helte allinnich kosmetysk is. Want de kritearia foar de ôfwikingen fan 'normaal' binne sa los formulearre, dat elke fariaasje sjoen wurdt as in potinsjeel gefaar foar de sûnens. Jonkers stelt bûgels gelyk oan lippen opspuitsje en boarstfergrutting. Soa.

Kommersje soe op 'e loer lizze; beunhazzen dy't út binne op jild fertsjinje, sa stelt Jonkers, sûnder dat se mei bewiis komt dat dit oan 'e hân is. Ja, der binne mega-kliniken kommen, sa't se dy neamt, mei in soad pasjinten. Wat it probleem dêr mei is, seit se net. We lêze hoefolle in toskedokter einliks wol net fertsjinnet, rom 130-tûzen euro, en om ien of oare reden is dat in diskwalifikaasje.

Dêrnei folgje noch mear fertochtmakkingen fan de beropsgroep; der is wat misgien mei it frijlitten fan de tariven acht jier lyn, al is dat doe gau wer rjocht setten. Der is in ynkeaptrúkje dat de soarchautoriteit ûntdutsen hat, mar wa en hoefolle dêr gebrûk fan meitsje wit Jonkers net. De soarchautoriteit kin ek net sizze of dit in foarm fan fraude is, mar ja, it stiet no al moai yn 'e krante.

Foar myn bûgel wie gjin urginte medyske needsaak. Wol stie ik rom tsien jier al net mear laitsjend op in foto en ik koe tusken sommige tosken net flosse, om't der gewoan wat tefolle tosken wiene. Se krûpte efter inoar lâns. It seach der net út, mar needsaak? Myn ortodontist hat fan begjin ôf oan dúdlik west oer de neidielen fan in bûgel: dat tosken úteinlik wer werom krûpe wolle, dat je de earste dagen in soad pine hawwe en dat it metaal wûntsjes feroarsaakje kin. Neffens Jonkers hâlde ortodontisten dat skruten geheim, om mar safolle mooglik omset te draaien.

Doe't ik Aliëtte Jonkers der op oanspruts op twitter, kaam se net fierder as 'haha, ik ha hûnderten stúdzjes lêzen en mei soarchfersekerders praten en data trochploege, dus wat soesto myn dyn boaze frame.' Nijsgjirrich dat se krekt it wurdt 'frame' brûkt, want Jonkers hat mei dat stik dus bûgels framed as ûnsin. Mar krekt mei dat idee, ha ik earst wol fiif jier sels wraksele, foardat ik in bûgel naam. Ik ha der langer mei dwaande west as Jonkers. Se lûkt har der neat fan oan.

Dus stiet foar op De Volskrant dat it ûnsin is. Dat ik my jierren foar myn tosken skamme, en dat ik as Fries yn myn DNA 'doch dyn plicht en lit de lju mar rabje' sitten ha, en dat medyske needsaak miskien net swart-wyt is, mar dat je yn it grize gebiet goede dingen dwaan kinne, dêr is gjin plak foar. Wêrom koe Jonkers net mei hurde getallen komme, doe't se sei 'Steeds meer volwassenen krijgen een beugel aangemeten'.

Hoe sit it mei regionale sprieding? Fryslân ûnderadvisearret har skoalbern bygelyks, is dat mei bûgels ek oan 'e hân? Is kosmetyske behanneling altyd in diskwalifikaasje? Soe it wêze kinne dat bern en folwoeksenen sels ek noch neitinke oer al of net in bûgel? Nijsgjirrich as je it ha wolle oer sin en ûnsin. Ik bin der wis fan de de ortodonsy yn Nederlân my net nedich hat om har te ferdizigjen. Mar it is in falske tsjinstelling: needsaak of lúkse. 99,9 prosint fan de wrâld is nammentlik gjin ien fan de twa, en dizze ûnsinnige tsjinstelling docht gjin rjocht oan de soms yngewikkelde fraach of je oan in bûgel moatte as net.

Yn myn gefal betsjutte it: finansjeel sparje oant it koe, en emosjoneel sparje oant ik it oankoe dat ik twa fan myn tosken kwyt reitsje sil en twa jier mei metaal yn myn mûle rûn rinne sil. En dat oan elkenien útlizze mei. En sûnt dit prutsartikel, wierskynlik noch faker ek. En oare bûgeldragers mei my. Soms freegje je wol ôf wêr't de sjoernalistyk hielendal mei dwaande is."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)