Plysje docht hússiking yn Appelskea

29 jul 2020 - 22:29

Oan de Industrieweg yn Appelskea hat de plysje woansdeitejûn in grutte plysje-aksje opset. It is noch net bekend wêrom't dat dien is en it is ek noch net dúdlik oft der in persoan oanholden is. De plysje wol foarearst noch neat sizze om't der noch in ûnderysk rint. Neffens omstanners is der in auto yn beslach nommen.

Yn en om de wente hinne is ûndersyk dien troch de plysje. Nei alle gedachten sil der letter mear bekend wurde oer de plysje-aksje.

Trefwurden: 
plysje Appelskea Industrieweg
(advertinsje)
(advertinsje)