Gjin eksperiminten mei mûlkapkes yn Fryslân

Der mei lokaal eksperimintearre wurde mei de ferplichting foar it dragen fan mûlkapkes. Dat is de útkomst fan de gearkomste fan it Veiligheidsberaad mei minister Van Ark fan Medyske Soarch. Yn Fryslân is sa'n eksperimint noch net oan de oarder, sa lit boargemaster Roel Sluiter fan Harns witte. Hy siet as waarnimmend foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân by dat oerlis.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sluiter seit dat der binnen it Veiligheidsberaad, dêr't alle Veiligheidsregio's yn fertsjinwurdige binne, grutte soargen binne oer it tanommen oantal nije coronabesmettingen. "De anderhalve meter is lastig om te handhaven. Je komt dus in een andere fase waarin andere maatregelen nodig zijn. Mondkapjes kunnen daar één van zijn", sa seit Sluiter.
It Outbreak Management Team sjocht gjin reden om mûlkapkes ferplicht te stellen. Der is gjin wittenskiplik bewiis dat it wurket en it kin dan ek in falsk gefoel fan feiligens jaan.
Sluiter: "In Amsterdam en Rotterdam is dit wel een acuut probleem. Zeker ook met het Offerfeest dat voor de deur staat. Dat kunnen grote drukke bijeenkomsten worden waar je een mondkapje zou kunnen verplichten."

Mieningen rinne bot útinoar

Yn it foar wie al dúdlik dat de ferskate foarsitters fan de Veiligheidsregio's ferskillende mieningen hawwe oer de ynfiering fan in mûlkapkesplicht. Guon wolle de mooglikheid hawwe lokaal sa'n plicht yn te fieren as se dat nedich fine. Sluiter: "Maar dat zou betekenen dat de eenheid die er tot nu toe steeds is geweest tussen alle Veiligheidsregio's verbroken wordt."
Om't de coronamaatregels naam wurde op basis fan needferoardeningen kinne de gemeenten net sels in beslút nimme oer dit soarte fan beheinings. Dy ferantwurdlikens leit by it kabinet. It parlemint hat der ek neat oer te sizzen. Dêr hawwe je in wet foar nedich.
Roel Sluiter oer it Veiligheidsberaad oer de mûlkapkes