Merke-eksploitant: dit is myn earste en myn lêste merke dit jier

29 jul 2020 - 21:12

Fryske merke-eksploitanten sjogge de takomst somber yn. Dochs besykje sy der op de merken dy't se noch dwaan meie it bêste der fan te meitsjen. Dizze wike bygelyks yn Bakkefean. Mar foar Mathijs Visser fan de sjittinte is dit de earste, en fuort ek de lêste merke fan it jier.

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

"It gie de earste dagen reedlik goed", seit Visser. "Ik hoopje dat we noch wat sinten fertsjinje kinne foar it wer los giet mei it firus." Oant no ta wie der foar de merkeminsken kwealik wat te dwaan. Doe't healwei maart de strange maatregels oankudige waarden, binne de measte feesten ôfsein. De auto fan Visser giet nei Bakkefean dan ek al gau wer yn de opslach. "Ik hoop dat we 'm der oer in moanne as fiif wer úthelje kinne, yn maart. Dat it dan allegear wer iepen kin." Mar betrouwen hat er der net yn.

Finansjeel wurdt it dreech: "We rinne elts wykein in pear tûzen efter. It bedriuw stiet op nul. Mar we hâlde ús oerein. We sjogge wol wat de takomst bringt."

IIskarren

Dannick Opperdijk is de eksploitant fan de 'Shake it', in draaiende bank. Hy docht it tegearre mei syn broer. "We hebben tot nu toe drie kermissen gehad. We hebben er nog vijf te gaan. Normaal heb je het over ruim 50." It bedriuw kin yn de loft hâlden wurde om't sy ek twa iiskarren riden hawwe. "Zo verdienen we nog wat geld. Maar het weer zit nog niet echt mee."

Mar ek de bruorren Opperdijk binne net al te optimistysk oer de takomst: "Het wordt lastig. Maar je moet door. Nieuwe dingen bedenken." Wat dan ek stekt is dat de iene sektor mear mei as de oar: "Wij zijn als eerste dicht gegaan en mochten als laatste open. Gemeenten werken ook niet altijd mee om meer toe te staan. Het is wat ik zei allemaal lastig."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma op 'en paad oer de merke

Trefwurden: 
Bakkefean merke coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)