Bioboeren warskôgje: útkeapjen boeren is oplossing foar de koarte termyn

De Feriening Biologyske Boeren Fryslân warskôget foar oplossingen dy't inkeld de koarte termyn tsjinje wat de problemen mei stikstof en de lânbou oanbelanget. De provinsjes moatte ynkoarten oan it wurk om de lanlike ambysjes op dat mêd om te setten nei konkrete aksjes.
Kealtsjes op de pleats fan de famylje Kooistra op Warstiens. Sy buorkje biologysk © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Boalserter foarsitter Wytze Brandsma fan dy biologyske boeren tinkt dat op 'e lange termyn in oergong fan de hiele sektor nei in minder yntinsive, biologyske wize fan buorkjen in goed alternatyf is foar it útkeapjen fan boeren by natuergebieten. Ek om't je dêrmei oare doelen lykas in grutter bioferskaat en minder CO2-útstjit tichterby helje. Hy tinkt dat dy oergong nei biologysk buorkjen yn fiif oant tsjien jier tiid te dwaan is. Underwilens giet de skaalfergutting troch en komme de typysk Fryske famyljebedriuwen ûnder druk te stean.

"Wy kinne folle mear dwaan"

Wytse Brandsma oer it risiko dat je nimme as je je tefolle rjochtsje op oplossingen foar ien probleem op de koarte termyn: "Dan wurdt der in hiel soad mienskipsjild útjûn om dy boeren op te keapjen wêrby't der tocht wurdt dat dat in oplossing is. Mar der binne bettere oplossingen te betinken dy't ek op lange termyn bydrage oan de doelstellingen dy't wy hawwe op it mêd fan bioferskaat en klimaat. Ik tink dat wy folle mear dwaan kinne as dêr't de provinsje no nei sjocht."
Greide by de pleats fan biologyske melkfeehâlder Kooistra by Warstiens © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Lanlik wurdt der ynset op sirkulêre en natuerynklusive lânbou sûnder dat krekt dúdlik is wat dêr mei bedoeld wurdt. Dat wurdt op it stuit noch útfûn. De biologyske boeren wize der op dat sy suver dy ambysje no al yn de praktyk wiermeitsje. Der is bewiis, sa sizze de Fryske boeren, dat sy minder stikstof produsearje en dat biologysk buorkjen mear wurkgelegenheid opsmyt. Al is der noch wol in ferskil tusken hoefolle ûndersyk der nei mear gongbere lânbou dien is as nei de biologyske lânbou.

Leefberens Fryske plattelân

Boeren freegje op it stuit ek om in langetermynfyzje, sa seit Brandsma: "Wy wolle witte wêr't wy nei ta moatte en witte wêr't wy oan ta binne. En wy wolle perspektyf hawwe as boeren. As jonge boeren wolle wy buorkje, mar wy moatte ek jild fertsjinje. En dat perspektyf moatte wy oan de jonge en besteande boeren sjen litte. Dat is ek hiel wichtich foar de leefberens fan ús Fryske plattelân. Wy moatte foarút kinne en de nije generaasje moat ek in takomst hawwe. Dêr wolle wy graach oer meitinke en meiprate." Takom moanne sitte de biologyske boeren om tafel mei de provinsje.
Ferslachjouwer Remco de Vries