Ysbrand Galama fljocht yn Winsum nei sensasjoneel persoanlik rekôr

29 jul 2020 - 21:23

Ysbrand Galama soarge yn Winsum foar in formidabele fierljepprestaasje. De Warkumer (35) ljepte in flink nij persoanlik rekôr: 21.53 meter. Dat is de ien-nei fierste sprong makke yn Winsum. Allinnich Nard Brandsma kaam ferline jier fierder. Hy waard doe Frysk kampioen mei 21.68 meter (FR). Galama passearret troch syn topsprong Bart Helmholt yn it klassemint en ljept freed yn de Fryske liederstrui.

Ysbrand Galama springt record

By de senioaren ljepte Ysbrand Galama yn syn earste sprong fuortdaliks 21.53 meter, en letter ek noch 21.00 meter. Dat binne de twa fierste sprongen fan dit seizoen.

It twadde plak gie nei Nard Brandsma fan Warkum (19.51 meter) en Alwin Fonk (18.64) waard tredde. Thewis Hobma fan Harns (18.55 meter) en Rutger Piersma (18.52) wienen de oare finalisten. Yn de finale koe net ien de topsprong fan Ysbrand Galama oertreffe. Galama is de tredde Fries nei Nard Brandsma (21.68) en Bart Helmholt (21.64) dy't oer de 21.50 meter ljept hat.

De rekôrsprong fan Ysbrand Galama:

Froulju

By de froulju wie Marrit van der Wal fan It Heidenskip foar de fjirde kear op rige de sterkste. Nei 15.90 meter yn de foarronde wûn se de deititel mei in finalesprong fan 16.45 meter. Sigrid Bokma fan Hylpen (14.31) en Anneke Broersma fan Lemelerveld (14.05) kompletearden it poadium.

Junioaren

By de junioaren pakte Rutger Haanstra fan It Heidenskip de winst (18.30 meter), foar Riemer Durk Krol fan Heech (17.25) en Peter Faber fan Oldehove (16.38).

Jonges

By de jonges gie it earste plak nei Wytse Steensma fan De Jouwer mei 16.65 meter. Nûmers twa en trije waarden Douwe Abma fan De Hommerts (15.84 meter) en Germ Terpstra (14.75 meter).

Famkes

By de famkes gie de winst nei Inger Haanstra fan It Heidenskip, sy sprong op har jierdei in nij PR: 14.45 meter. Twa en trije binne Pytrix Westra fan Burgum (13.73 meter) en Hanneke Westert fan Snits (13.67 meter) wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)