Man (35) stelt auto, naait út nei ûngelok by Aldehaske en wurdt oppakt

De plysje fan Súdeast-Fryslân hat tiisdei in 35-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden. De man hie earder op de dei in auto stellen en wie belutsen by in ferkearsûngelok yn Aldehaske. Nei dat ûngelok is de fertochte útnaaid.
© Shutterstock.com (ChiccoDodiFC)
De plysje hie in Burgernetmelding útstjoerd mei it sinjalemint fan de man. In oplettende boarger hie de fertochte sjoen en skeakele de plysje yn. Dy koe de man by in camping oanhâlde. De fertochte besocht him dêr noch wol te ferstopjen, mar dat slagge net.
De man wurdt fertocht fan it stellen fan in auto, ride sûnder rydbewiis, ride ûder ynfloed, besit fan drugs en it ferlitten fan it plak fan in ûngelok.