Plysje siket tsjûgen fan in ynbraak yn Suwâld

Oan de Daniel Bouweswei yn Suwâld hat tusken tiisdeitejûn en woansdeitemoarn in ynbraak west. Tusken 18.30 en 11.00 oere is der ynbrutsen yn in wente oan dy strjitte. Neffens de wykagint fan Suwâld is der in luchtdrukpistoal, in laptop en jild meinommen.
De Daniel Bouweswei yn Suwâld © Google Street View
De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak. Wa't wat frjemds sjoen hat, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.