Ald-turnster docht ferhaal: stikem ite op it húske en mei bloedblierren trochtraine

29 jul 2020 - 22:48

"Toen alles over het turnen in het nieuws kwam, ben ik gaan nadenken over de periode dat ik heb geturnd." It binne de wurden fan in âld-turnster fan turnferiening DOS út Dronryp. Se turne as jong famke ûnder Vincent Wevers en syn frou Gemma. De âld-turnster wol anonym bliuwe om't se fynt dat it net om har giet, mar om de ferhalen. Se fielt harsels net echt slachtoffer, mar hat in soad meimakke dat net goed wie.

Ein jierren 80 begûn se as 6-jierrich famke mei turnjen. Se waard op in gegeven momint keazen troch de Wevers foar de seleksje. Se fertelt dat der in hiel hege druk op de trainingen lei. Der waard lang en yntinsyf traind, de druk op de jonge famkes wie grut neffens har. Ek wie der in strafkultuer as se in oefening net goed diene. "Als een oefening niet lukte, kreeg je straftraining, 100 sit-ups of lang in een boogje staan en als ze dan langs kwamen, drukten ze je nog even verder. Een tik op de billen of een schop gebeurde ook wel eens."

Net skopt of slein, wol útskolden

De turnster, dy't no 37 is, fertelt dat se sels net skopt of slein is, mar útskolden waard se wol. Se kaam gûlend thús. Doe is har mem nei Wevers ta gien. Dêrnei barde it by har net mear, by oaren noch wol. "Ik heb het zelf niet zo ondervonden, maar heb het wel bij anderen gezien. Ook meisjes die langer doorgingen hebben er wel last van gehad."

Foarbylden

In tal foarbylden kin de turnster har noch goed heuge, bygelyks oer iten en gewicht. Der wie gjin tiid en romte om te iten, by oerenlange trainingen mochten de famkes allinnich mar wetter drinke. Har mem makke dan bôle en dy iet se dan stikem op it húske op. "Ik had honger en kreeg buikpijn."

Yn skriftkes waard it gewicht skreaun, dat waard bewarre troch de trainers. Dat wagen wie hiel belangryk. Nei de fakânsje waarden de famkes woegen en as se te swier wiene, krigen se dat dúdlik te hearren.

Foto: Omrop Fryslân

Er was geen ruimte om te behandelen, je ging gewoon door.

Ald-turnster

Se trainden hurd en yntinsyf oan de rekstôk en dan krigen se bloedblierren, mar moasten wol trochtraine. It bloed siet oan de rekstôk, mar it trainen gie troch, ek al die it hiel sear. "Er was geen ruimte om te behandelen, je ging gewoon door." Neffens de turnster giene Vincent Wevers likegoed as syn frou Gemma sa mei de jonge turnsters om.

Op de fraach wêrom't se dan net ophâlde mei it turnjen, seit se dat der ek moaie dingen wiene. It wie ek leuk en by sukses waarden se de himel ynpriizge. As famke binne je dan ek grutsk dat je turnje en prizen winne.

Erkenning

De âld-turnster fertelt har ferhaal om't se it wichtich fynt dat erkend wurdt dat ditsoarte fan dingen bard binne en dat dêr jonge froulju slachtoffer fan wurden binne. Se kent turnsters dy't der hiel lang lêst fan hân hawwe of noch hawwe. Sels fielt se har net slachtoffer. Se fynt it wol fijn dat se har ferhaal dwaan kin. Minsken moatte neffens har witte wat him ôfspile hat, fynt se.

Se hopet dat de turnsters dy't der ûnder lijd hawwe gerjochtichheid krije. En dat der sorry sein wurdt. Dan kin der wurke wurde oan in turnomjouwing dy't goed is foar elkenien. "Zodat turnen straks weer een mooie sport is."

Trefwurden: 
Dronryp turnjen misstannen DOS
(advertinsje)
(advertinsje)