Snitser krijt 14 dagen sel en 2 jier ankelbân foar stellerij

29 jul 2020 - 16:04

In man út Snits dy't in telefoan stellen hat fan in Syryske asylsiker moat fjirtjin dagen de sel yn. De Syriër wie yn de buert fan it asylsikerssintrum oan it fiskjen doe't de fertochte mei in freon yn in boatsje foarby fear.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De manlju hiene dronken en wiene ferbaal nochal oanwêzich. De asylsiker makke in foto mei syn mobile telefoan. De Snitser wurdt derfan fertocht dat er doe de telefoan ôfpakt hat, wylst er de Syriër mei in mes bedrige.

De Snitser hie earder alris in ankelbân fernield dy't er drage moast nei in feroardieling. Njonken de selstraf hat de man noch in proeftiid fan twa jier wêrby't er in ankelbân om moat.

Trefwurden: 
Snits rjochtbank
(advertinsje)
(advertinsje)