Coach Gerben Wiersma fan turnbûn op non-aktyf steld

29 jul 2020 - 16:37

Gerben Wiersma fan It Hearrenfean, bûnscoach fan de Nederlânske turnfroulju mei foarearst net oan it wurk. Underwilens stelt it bûn in ûndersyk yn nei yntimidaasje en grinsoerskridend hâlden en dragen. It KNGU hat dat woansdeitemiddei bekend makke op in parsekonferinsje. Ek de oare coach fan it Olympysk programma, Vincent Wevers, mei net oan it wurk salang as it ûndersyk rint.

It bûn reagearret op meardere ferhalen fan âld-turnsters dy't ferklearje dat de manlju har geregeld skuldich makke hawwe oan grinsoerskridend gedrach. Der hat woansdei in petear west mei de coaches en dêrnei is besletten it hiele programma fan it topturnjen stil te setten.

In oantal turnsters kaam dizze wike nei bûten mei ferhalen oer mishanneling en fernedering. "De verhalen komen van alle kanten samen", seit foarsitter fan de KNGU Monique Kempff. "Wil je een cultuurverandering bewerkstelligen, dan kun je geen halve maatregelen nemen."

Wiersma is sûnt 2010 bûnscoach en hat sels oanjûn yn dit stadium gjin ferlet te hawwen oan it jaan fan in reaksje.

Ferslachjouwer Roelof de Vries oer de kommoasje

Foto: www.orange-pictues.nl
(advertinsje)
(advertinsje)