ITGWO komt mei 'coronaproof' alternatyf programma

29 jul 2020 - 15:33

Into The Great Wide Open giet dit jier wol troch, yn oanpaste foarm fansels. De besikers fan it muzykfestival kinne net by inoar komme op Flylân, mar de organisaasje hat oare foarmen betocht.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Tusken 27 augustus en 2 septimber binne alle uteringen te finen yn in 'Uitzending', in 'Tijdschrift' en in 'Doos'.

Yn de útstjoering binne 29 augustus sessys fan Spinvis en S10. Alma Mathijsen en Bonne Reijn sammelje jonge skriuwers op it strân en de boskwachter nimt de sjogger mei lâns plakken dy't no leech bliuwe. Stout Konijn lêst de bern foar.

Yn it tydskrift giet it oer it tema 'de kritieke massa', mei essees fan keunstners en ynterviews mei aktivisten en in kollaazje fan Spinvis en oare saken.

Yn de doaze sitte allerhanne produkten dy't gewoanwei op it festival te finen binne, fan drank oant keunstitems.

Derneist is in filmprogramma, rapper S10 komt nei it Waadeilân foar in skriuwkamp en DJ St. Paul en keunstner Rob Sweere streame bysûndere projekten.

It muzykfestival Into the Great Wide Open op Flylân wie, lykas elk jier, dizze kear wer yn in oere útferkocht. In grut part fan de kaartsjekeapers hat it jild net weromfrege, mar donearre. Sa kinne tal fan artysten dochs betelle wurde.

2021
Into The Great Wide Open is takom jier fan 2 oant en mei 5 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)